Henk de Jong is grutsk: "Stipe fan de earste sekonde ôf"

Henk de Jong is bliid
Henk de Jong is bliid mei de oerwinning © Omrop Fryslân
SC Cambuur wist woansdeitejûn de heale finales fan it bekertoernoai te berikken nei in 3-1 oerwinning op Vitesse. Trainer Henk de Jong is grutsk op syn ploech, mar ek op it publyk in Ljouwert. "Fan de earste sekonde ôf stipen se ús. Dan wurdst der gewoan trochhinne sleept."
De Jong fynt it in terjochte oerwinning. Dochs krige Cambuur, lykas sa faak dit seizoen, wol wer in doelpunt tsjin. "Mar dat we it opbringe kinne om dêr wer oerhinne te kommen, wie fansels unyk", doelt er op de 2-1 fuortendaliks nei de goal fan Vitesse.
Foar de lotting fan de folgjende ronde hat er ien winsk: "Thús spylje, foar de rest makket it my neat út wa't we lotsje."
Henk de Jong is grutsk
Oanfaller Milan Smit benutte alwer in strafskop. Smit skoarde dit seizoen al in soad fan de penaltystip ôf. "Het is lekker dat je ze erin blijft schieten, maar ook dat je een normale veldgoal maakt." Die earste goal wie in echte 'spitsegoal'. "De Jong legde de bal fantastisch neer en ik hoefde hem alleen met links op goal te schieten. Een mooie goal."

"We toonden veerkracht"

Lykas De Jong, erkent ek Smit dat Cambuur faak in doelpunt tsjin kriget. "Maar nu toonden we veerkracht als team en maakten we zelf meteen de 2-1. Dat is ook voor ons lekker."
Sa'n grut feest as hjoed hat de spits noch net faak meimakke yn Ljouwert. "Het was 90 minuten lang volledige 'support'. Ik heb er echt van genoten."
Milan Smit is bliid mei de 'support'
Neffens Fedde de Jong wie it dúdlik hoe wichtich dizze wedstriid wie foar de klup. "De trainer zei voor de wedstrijd dat dit een unieke kans was om historie te schrijven." De middenfjilder is dan ek bliid dat se dat dien ha. "Het was echt een topavond."
Hy is bliid dat se de wedstriid yn 90 minuten wûnen. "We wilden eigenlijk niet naar een verlenging gaan, dus ik ben superblij dat ik de 2-1 kon maken op een prachtige manier."

"Een boost aan het seizoen"

Ek De Jong hat noch nea sa'n eufory meimakke yn it stadion. "De fans hebben de hele wedstrijd achter ons gestaan. Het is prachtig dat we zo'n avond met elkaar mogen meemaken."
Hy tinkt dat dit resultaat in goeie ympakt op de spilers ha kin. "Dit geeft ook weer een boost aan het seizoen." De ploech hat dit seizoen ferskate drege mominten hân. "Maar dit maakt alles weer goed", beslút hy.
Fedde de Jong tinkt dat Cambuur in 'boost' kriget
Ek ferdigener Thomas Poll is bliid. "Ik ben nog nooit zo ver gekomen in de beker, dus om in de halve finales te komen is echt prachtig."
Hy fûn it in terjochte oerwinning fan de Ljouwerters. "Ik vond ons de betere ploeg. Als je dan ook naar de strijdlust kijkt, vind ik dat we terecht hebben gewonnen."
Thomas Poll fynt it in terjochte oerwinning
Poll is grutsk op de ploech. "Het tegendoelpunt was een tikje, maar ik denk dat je trots op de hele ploeg mag zijn dat je dan zelf de 2-1 en de 3-1 nog weet te maken."