Tekoart jeugdsoarch Ljouwert falt miljoenen heger út

jeugdzorg famke problemen jeugdsoarch jongereinsoarch stock
Grutte tekoarten yn de jeugdsoarch © Shutterstock.com
Ljouwert set ta nei in miljoenetekoart yn de jeugdsoarch. Earder wie der al in tekoart berekkene fan 7 miljoen, no rint dat op oant hast 11 miljoen.
Ferline wike waard dúdlik dat it tekoart folle heger útfalle soe as tocht. Doe kamen de lêste rekkens fan it ein fan it jier binnen. Woansdei waard de ried dêroer ynformearre. De fraksjes fan de ChristenUnie, VVD en D66 binne ferbjustere.
Se fine dat se fuort op de hichte brocht wurde moatte hienen. "Het gaat niet om pakken suiker", sa stelt VVD-fraksjefoarsitter Marcel Visser. Carlijn Niesink fan de ChistenUnie fynt it 'bizar'.

Jeugdaginda

Der soe praat wurde oer de 'Jeugdaginda', de ynrjochting fan de jeugdsoarch yn de gemeente Ljouwert nei de takomst ta. Dat debat is no foarearst útsteld. De ried wol helder krije wat no krekt de oarsaak is fan de tekoarten en hoe't dy tenei foarkommen wurde kinne.
Neffens de ferantwurdlik wethâlder Nathalie Kramers is dat dreech. "Er is meer zorg verleend en ook duurdere. Ook zijn lopende zorgtrajecten verlengd. Dat zie je pas aan het einde van het jaar."
wethâlder Nathalie Kramers
Wethâlder Nathalie Kramers © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Dat se net fuort de gemeenteried ynformearre, is omdat Kramers in folslein byld sketse woe. Ek woe se witte wat de konsekwinsjes binne foar de gemeentlike begrutting en ek wat it betsjut foar de jeugdsoarch yn de takomst. Kramers stelt begryp te hawwen foar de gefoelens fan de riedsleden mar fynt dochs dat de ried rap ynformearre is oer it miljoenetekoart.
Neffens Kramers is dit tekoart de organisaasje no oer it mêd rûn, mar hiene se it al earder witte kinnen. Der wurdt hurd wurke oan in plan om tenei earder in goed byld te krijen fan wat der noch ynkomt oan rekkens.
Ien fan de problemen is lykwols dat se as gemeente net it foech ha om oan te jaan wêr't it jild nei ta giet. Ek net oer hoe lang't in behanneling bygelyks duorje moat, sa seit Kramers.

Problemen by it JET

Carlijn Niesink fan de ChristenUnie is it dêr net mei iens. Neffens har hat de gemeente echt wol mooglikheden om te stjoeren. Neffens har sit ien fan de problemen yn de organisaasje dy't it útfiere moat, it JET (Jeugd Expert Team). Dy organisaasje regelet de tagong ta de jeugdsoarch.
De ôfrûne jierren is dy bot groeid, fan 14 fte nei 39. Neffens Niesink leit dêr in kaai ta besparrings: "Ze zijn opgericht als bezuiniging, maar de kosten zijn alleen maar gestegen."
Neffens Niesink rinne in soad âlders der no tsjinoan dat se har ferhaal dûbeld dwaan moatte. "Zorg nou dat er één aanspreekpunt is. Gezinnen voelen zich niet serieus genomen en er wordt zoveel werk dubbel gedaan."
Ynhâldlik waard der fierder net debatteare. Dat folget letter as der mear dúdlikens is. Dan moat ek de fraach beäntwurde wurde oft it meitsjen fan nij belied noch wol mooglik is mei sokke tekoarten en oft it jild wol effektyf ynset wurdt. Op oantrúnjen fan VVD'er Marcel Visser wurdt de ried tenei elts boekjier bypraat oer de finânsjes.