UNESCO-krityk op beskerming Waad bliuwt foarearst sûnder gefolgen

Minister Christianne van der Wal
Minister Christianne van der Wal © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De plannen foar gaswinning by Ternaard wurde net skerper tsjin it ljocht hâlden no't UNESCO fynt dat de gaswinning dêr net trochgean moat. Sawysa wurdt der net wachte mei it jaan fan fergunnings foar yndividuele projekten, sa't UNESCO frege.
Dat skriuwt minister Christianne van der Wal fan Natuer en Stikstof oan de Twadde Keamer. Ut UNESCO wei is earder warskôge dat de wrâlderfgoedstatus yn gefaar komt as Nederlân net better op it Waad past. Neffens Van der Wal is der noch wol in oantal stappen te gean foardat it safier komt. Sy wiist der ek op dat soks ek mar kwealik bart.
UNESCO is de kulturele ôfdieling fan de Feriene Naasjes, dy't him ynset om erfgoed yn de hiele wrâld te beskermjen. Bekendste erfgoedlist fan UNESCO is it Wrâlderfgoed. Yn Fryslân stean dêr bygelyks it Waadgebiet, it Woudegemaal en it Eise Eisinga Planetarium op.
De oanbefelling om goed te toetsen oft effekten fan minsklike aktiviteiten yn it Waad op de natuer elkoar ek fersterkje, nimt de minister wol oer troch oan besteande plannen in miljeueffektrapportaazje ta te heakjen.
DrûchfallendeWaadplaat
In Waadplaat foar de kust fan it Amelân © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Koartlyn advisearre de Waddenacademie it ministearje fan Lânbou en Natuer noch dat Nederlân ferplichte is om universele wearden fan it wrâlderfgoed te beskermjen en dat dy dus ek meinaam wurde moatte yn de regels dy't de natuer beskermje.
Dêr komt it ministearje letter noch op werom. Frank Petersen fan de Waddenvereniging neamt it: "Op je handen blijven zitten als er werk aan de winkel is."