Sensaasje yn Ljouwert: Cambuur nei heale finales KNVB Beker

1-0 Milan Smit tsjin Vitesse
Milan Smit fiert syn goal © Orange Pictures
In histoaryske jûn foar Cambuur. De klup hat him foar de twadde kear yn de skiednis pleatst foar de heale finales fan it lanlike bekertoernoai. Dat diene se troch mei 3-1 te winnen fan Vitesse.
Cambuur begûn de wedstriid mei in wiziging yn de ferdigening yn ferliking mei de wedstriid tsjin Willem II fan ferline wykein. Jhondly van der Meer stie yn 'e basis, op it plak fan de blessearre Léon Bergsma.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Tol, Smand, Van der Meer, Poll; Van Mullem, Breij, Van Kaam; Balk, Smit, De Jong
Vitesse begûn aardich oan de wedstriid en krige yn de iepeningsfaze al twa goeie kânsen. Anis Hadj Moussa en Mexx Meerdink krigen de bal beiden net efter Cambuur-doelman Yannick van Osch.
Healwei de earste helte kantelet de wedstriid en nimt Cambuur it inisjatyf mear oer. Dat late earste ta in grutte kâns. Van Kaam stie hielendal frij by de twadde peal. De foarset fan Fedde de Jong kaam ek by him út, mar hy skeat de bal neist.

Cambuur op foarsprong

Mar inkelde minuten letter wie it wol raak. Milan Smit skoarde nei in pass fan De Jong. De spits skeat de bal knap yn ien kear efter doelman Markus Schubert. It is ek de stân wêrmei't de ploegen it skoft yn giene.
Milan Smit skoart de 1-0
Smit skoart de 1-0 © Orange Pictures
Cambuur gie yn de twadde helte fierder wêr't se de earste helte bleaun wiene: kânsen kreëarje. Thomas Poll krige syn skot dochs net yn de goal.
Mar ek Vitesse waard gefaarliker. Spits Meerdink krige in goeie kâns, mar kopte de bal neist de goal fan Van Osch.

Cambuur krijt mear kânsen

Nei in goed oere kaam Cambuur ta twa grutte kânsen. Vitesse-keeper Schubert pakte in skot fan Poll, mar wie dêrnei kânsleas by in kâns fan Smit. De kopbal fan de spits bedarre lykwols op de latte.
Mar Vitesse makke de folgjende goal. Hadj Moussa begûn oan in dribbel en kaam twa man foarby. Dêrnei skeat hy de bal efter Van Osch yn de goal.
Dochs kaam Cambuur twa minuten letter alwer op foarsprong. Poll joech de bal foar en De Jong skeat de bal hurd yn de goal. It soarge foar in soad blidens by de ploech fan Henk de Jong.
Fedde de Jong
Blydskip by De Jong nei de 2-1 © Orange Pictures
Fiif minuten foar de ein fan de wedstriid krige Cambuur in penalty. De VAR hie hands sjoen yn de ferdigening fan Vitesse en de skiedsrjochter gie dêryn mei. Strafskoppespesjalist Smit skeat de bal oertsjûgjend yn de goal en soarge foar de 3-1 winst.