De bysûndere ferhalen op de muorren fan it Stedelijk Gymnasium meie net sneuvelje

Rektor Eelko Hooijmaaijers by 'syn' Marie Antoinette-skilderij
Rektor Eelko Hooijmaaijers by 'syn' Marie Antoinette-skilderij © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn de hallen, yn alle klasselokalen. Op it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert binne oeral skilderijen te sjen. Se binne makke troch learlingen en hingje fol mei ferhalen. Mar no moat de skoalle ferbouwe.
Hy kin der oeren oer fertelle. Rektor Eelko Hooijmaaijers fan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert rint troch de gongen fan syn skoalle en wiist op alle skilderijen dy't der hingje.
"Dit is gebaseerd op Escher", seit er oer in skilderij fan it wiskundelokaal. "En de leerlingen hebben er hun jaartal in verstopt. Jaren heb ik er naar gekeken, maar sinds kort weet ik dat pas!"
Yn dizze 'Escher-kubus' is it jiertal '98 ferstopt
Yn dizze 'Escher-kubus' is it jiertal '98 ferstoppe © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It is eat dêr't se op de skoalle tige grutsk op binne. Elts jier krijt de sechsde klasse foar ien nacht de kaaien fan de skoalle yn hannen. Dan meitsje se yn dy nacht in skilderij, dat se sels betocht hawwe. It gebeurt al sûnt de jierren njoggentich.
"Wij weten van tevoren niet waar het schilderij komt en wat er geschilderd wordt", fertelt Hooijmaaijers. "Zij vertellen wat ze bijzonder vinden aan de school. Dat kan een boodschap of ervaring zijn."
Die herinneringen koesteren we meer dan de school zelf.
Rektor Eelko Hooijmaaijers
Yn guon lokalen hawwe dosinten ek in 'eigen' skildering krigen. "Maar ook docenten die zijn overleden worden geschilderd. Of gekke experimenten die in de school plaatsvonden. Die herinneringen koesteren we meer dan de school zelf", seit Hooijmaaijers.

Ferbouwing

Mar de skoalle sit no mei in útdaging. It gebou fan 1880, ûntwurpen troch stedsarsjitekt Thomas Romein, moat ferduorsumje en dus ferboud wurde. In hiele poepetoer, mei alle skiednis dy't yn de skoalle hinget.
Foar de stêd is it in bysûnder gebou, seit Hooijmaaijers: "De buitenkant moet dus niet veranderen. Ook moet de monumentale binnenkant intact blijven. Maar voor ons is het nog belangrijker dat de verhalen die de kinderen in dit gebouw hebben achtergelaten, behouden blijven."

Lena de Leguaan

Dy ferhalen binne troch de hiele skoalle te sjen. Guon steane grut op de muorren, mar op de twadde ferdjipping is yn it biologylokaal yn in lyts hoekje in skilderij fan in leguaan ferstoppe. It is de leguaan Lena, dy't wenne yn it lokaal.
"Wy wiene oait begûn mei wat reptilen yn it praktikumlokaal, sadat wy wat mear leare koene oer de natuer", fertelt âld-learling Henk van der Meulen. "Yn dit leslokaal stiene altyd al in soad planten. Dêrmei hiene wy in hoeke makke, dêr't Lena libbe."
Goed ferstopt yn de hoeke fan it lokaal: Lena de Leguaan
Goed ferstoppe yn de hoeke fan it lokaal: Lena de Leguaan © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It wie in moai plakje foar Lena om te libjen. Krekt wat te moai, fertelt Henk: "Wy tochten dat se te skou wie en dêr dus sitten bleau. Mar se rekke sa wend, dat se te sneupen gie troch it lokaal. By toetsen gie se sels op de skouders fan bern sitten."
Henk fertelt oer de leguaan as in 'sy'. "Se wie hiel lyts, dus wy tochten dat it in wyfke wie. Mar it die bliken dat it dochs in mantsje wie, dus Lena bliek in Leendert!"
Lena krûpte sa op de skouders
Lena krûpte sa op de skouders © Henk van der Meulen
De leguaan sit no yn in flintertún yn Leidschendam, dêr hat se alle romte. "Mar it is prachtich dat soks hjir op skoalle mooglik wie", seit Henk, "Wy koenen hjir fan alles. De dosinten diene der alles oan dat soksoarte projekten hjir koene."
Hooijmaaijers sjocht mei in glim nei de ferhalen dy't ferteld wurde. "Een school is niet zomaar een gebouw, hier wordt geleefd", seit er. "Je wil een plek zijn waar kinderen vrij zijn en dingen willen onderzoeken. Die schilderijen zijn voor ons docenten ook een soort opdracht: 'Niet vergeten! Dit is waar het eigenlijk om gaat.'"
Ald-learlingen Henk van der Meulen en Thirza van Balen
Ald-learlingen Henk van der Meulen en Thirza van Balen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Mar as je in ferdjipping nei ûnderen rinne, wurdt it even wat stiller. Dêr hingje trije skilderijen út de coronaperioade. Yn 2020 koene de learlingen gjin eineksamens dwaan, wat werom te sjen is yn in skilderij. Mar foar de klasse fan 2021 wie de ympakt it grutst.

'Niet alle wegen leiden naar Rome'

Ald-learling Thirza van Balen wurke mei oan de David van Bernini, in ferneamd stânbyld yn Rome. Mar hjir hat er in mûlkapke op. "Eronder staat de spreuk: Alle wegen leiden naar Rome, maar dat is dus niet altijd zo", seit Thirza. "Daarom staat er 'non' voor. Niet alle wegen leiden naar Rome."
It skilderij fan 2021
It skilderij fan 2021 © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It is op de skoalle gebrûklik dat de fiifde klasse op ekskurzje giet nei Rome. "Dit was het enige jaar dat de vijfde klas niet naar Rome is gegaan", fertelt Thirza. "Het is het eerste ding waarmee je de school binnengehaald wordt. Jarenlang word je voorbereid en enthousiast gemaakt voor die reis."
Thirza seit dat it foar de klasse in grutte klap wie: "Mensen braken er echt van. Elke keer veranderde de situatie weer, dus je was er continu mee bezig. Maar op een gegeven moment viel het in het water. Toen was het voorbij."
Er zal bij de verbouwing natuurlijk iets veranderen.
Rektor Eelko Hooijmaaijers
Dochs fynt Thirza it moai om wer njonken it skilderij te stean. "Het is echt een soort 'throwback'. Het is net weer 2021 en ik sta hier gewoon weer naast bepaalde mensen weer aan dit schilderij te werken. Ik heb zeven jaar op deze school gezeten, het is echt een stukje jeugd."

Skilderijen behâlde

En krekt dêrom wol Hooijmaaijers der alles oan dwaan om foar te kommen dat de skilderijen sneuvelje by de ferbouwing. "Maar er zal natuurlijk iets veranderen. We willen wel een manier vinden om de paar muurschilderingen die mogelijk moeten verdwijnen, vast te leggen."
Hooijmaaijers giet der fanút dat hast alle skilderijen te behâlden binne. "We zijn in concact met de oud-leerlingen die de schilderijen gemaakt hebben en overleggen daarover. Het zijn geschenken van de kinderen aan ons en die blijven we koesteren."