Waadhoeke hat arbeidsmigranten nedich, mar ûnienichheid oer húsfêsting

Arbeidsmigranten oan it wurk
Arbeidsmigranten oan it wurk © Omrop Fryslân
Net mear yn de doarpen, mar in plak yn it bûtengebiet of by bedriuwen. Dat is it foarstel foar it nije húsfêstingsbelied foar arbeidsmigranten fan de gemeente Waadhoeke. Der is al jierren diskusje oer, ek op dit plan is krityk.
Eins steane alle noazen deselde kante op. Arbeidsmigranten binne wichtich foar de bedriuwen yn Waadhoeke. Sawol de gemeente, bewenners fan doarpen, bedriuwen en bewenners fan it bûtengebiet wolle itselde.
Se fine dat de migranten in goed plak ha moatte om te wenjen en dat moat sa folle mooglik by de bedriuwen sels. Mar net alle betingsten en plannen steane swart op wyt yn de nije húsfêstingsplannen fan de gemeente, wêrtroch't it draachflak hurd minder wurdt.
In tiidline fan de húsfêstingsproblematyk fan arbeidsmigranten yn Waadhoeke:
Alle jierren wurkje likernôch 6.000 arbeidsmigranten yn Fryslân. Dy moatte ek in wenplak ha en dat blykt net sa maklik te wêzen. Gemeenten meie elk harren eigen belied meitsje, mar it belied fan de gemeente Waadhoeke smyt al jierren diskusje op.
Gemeenten bûten de provinsje kieze foar grutskalige húsfêsting of wenplakken op bedriuweterreinen, mar yn Fryslân wenje arbeidsmigranten ferspraat oer de provinsje en is der min sicht op wêr't se krekt wenje.

Wenningkrapte

Yn in tiid fan wenningkrapte soarget it foar frustraasje yn de lytsere doarpen, omdat arbeidsmigranten - dy't mar in pear moanne yn Fryslân wurkje - gjin bining ha mei it doarp, mar wol wenplakken beset hâlde.
Der wurkje tal fan arbeidsmigranten yn de gemeente
Der wurkje tal fan arbeidsmigranten yn de gemeente © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It nije belied moat mear mooglikheden jaan foar sawol grutskalige húsfêsting yn de bûtengebieten as by in bedriuw.
Foarstel nije regels Waadhoeke
  • Maksimaal 150 arbeidsmigranten op ien húshâlding bûten de beboude kom;
  • No noch gjin nije fergunningen foar keamerferhier en in ûndersyk foar effekten fan it beheinen fan keamerferhier op alle doelgroepen;
  • Maatwurk op bepaalde lokaasjes;
  • Kapasiteit foar fergunning, tafersjoch en hanthavening ynsidinteel útwreidzje.
Doarpsbelangen fan ferskate doarpen yn de gemeente binne ek bliid mei it foarstel dat der leit. Op dizze wize krije jongelju yn de doarpen mear kâns om in hûs te finen.
Marcel van der Vaart fan doarpsbelang Sint Jabik jout oan dat hiele arbeidshúshâldingen noch wol in plak ha kinne yn it doarp, omdat dy minsken mear in bining ha mei it doarp en bygelyks de bern dêr ek nei skoalle gean.
"It probleem foar ús giet om de 'short-stay'-arbeidsmigranten, dy't hjir minder as in jier binne."

De doar iepen foar migrantehotels?

Hiltje Terpstra wennet yn it bûtengebiet fan Tsjummearum en is minder bliid mei it foarstel. "Der stiet neat yn it belied oer dat de arbeidsmigranten yn de grutskalige húsfêsting ek wurkje moatte yn deselde gemeente."
Hiltje Terpstra fan Tsjummearum
Hiltje Terpstra fan Tsjummearum © Omrop Fryslân
Terpstra en oare ynwenners fine it húsfêstingsplan yn prinsipe in goed idee, mar tinke dat de gemeente sa wol de doar iepenset foar projektûntwikkelders út oare parten fan it lân.
Dy soenen no migrantehotels bouwe kinne yn Waadhoeke. "Dan ha wy as gemeente wol de lêsten, mar net de lusten."
Dus moat der neffens de bewenners fan de bûtengebieten hiel krekt yn de útfiering stean dat allinnich bedriuwen út Waadhoeke húsfêstje meie. En dan ek foar it tal arbeidsmigranten dy't se yn tsjinst hawwe.

'Akkoart jaan'

Talsma Shipyard hat tusken de 50 en 80 arbeidsmigranten oan it wurk. It bedriuw hat sels gjin romte foar húsfêsting, mar sjocht der wol wat yn om mei bedriuwen yn de omjouwing húsfêsting foar harren meiwurkers te realisearjen.
"Wy soene wol in plak sykje wolle by bygelyks in pleats dy't it dreech hat", seit eigener Jelle Talsma. "Dan kinne wy dêr mei in oantal bedriuwen in tweintichtal units delsette, sadat we dêr minsken húsfêstje kinne."
Jelle Talsma fan Talsma Shipyard
Jelle Talsma fan Talsma Shipyard © Omrop Fryslân
Yn dat gefal kin de eigener fan de pleats ekstra byfertsjinje. Wat Talsma oanbelanget, betelje de bedriuwen alle kosten gewoan. Salang't de gemeente mar akkoart jout. Want Talsma hat allegearre oplossingen besocht.
Mar dy waarden net goedkard troch de gemeente. Hy wol no lang om let in definitive oplossing hawwe foar syn meiwurkers: "Se moatte even sizze wat se wol wolle, want wy wolle wol."

Mear sicht op arbeidsmigrant

Wethâlder Kees Arendz fan Waadhoeke seit dat de gemeente goeie ôfspraken meitsje wol mei de bedriuwen. "Wa is de behearder? Hoe kinne de minsken har melde? Dan soargje wy der ek foar dat eltse arbeidsmigrant him ynskriuwt. Dan kinne wy der folle mear sicht op krije."
De ûndernimmers moatte harsels ek ferantwurdlik fiele.
Wethâlder Kees Arendz fan Waadhoeke
Dan binne der ek ôfspraken te meitsjen oer wa't by de bedriuwen te wenjen komt: "Tachtich persint fan de ynwenners binne foar it bedriuw sels. Wy wolle net in oantreklik gebiet wurde foar ynvestearders fan bûten de gemeente", seit Arendz.
De betingsten foar de húsfêsting komme pas as it foarstel oannaam wurdt, seit de wethâlder. Dan komt der in útfieringsplan, wêryn't de gemeente skriuwt hoe't de húsfêsting derút sjen moat. En ek wat der wol en net mei.
Tongersdeitejûn stimt de gemeenterie oer it plan om arbeidsmigranten de húsfêstjen. De ferwachting is dat it oannaam wurdt.