Ruterferiening Dronryp skrast kamp troch wolf: "We kinne gjin feilichheid biede"

It ponnykamp fan Manege de Poptaruters
De Poptaruters op in earder ponnykamp yn Drinte © Manege de Poptaruters
It ponnykamp fan ruterferiening Poptaruters út Dronryp giet net troch. Al 25 jier hâldt de feriening in kamp yn Drinte, mar no doarre se it net oan fanwegen de grutter wurdende wolvepopulaasje yn it gebiet.
"We hawwe de ferantwurdlikheid oer tsientallen bern", seit Anneke Bosma. Sy is foarsitter fan de feriening. "Dan moatte we wol de feilichheid biede kinne foar de bern dy't we mei hawwe. En wy sizze: dat kinne we no net."
De feriening wol it risiko net rinne dat se in wolf tsjinkomme. "De bern sitte op hynders en hynders binne flechtbisten. Je sille mar ien tsjinkomme en de ponnys geane allegear op de kletter."

'Konneksjes yn Drinte'

Foar de bern dy't mei soenen op it kamp, is it in grutte teloarstelling. "Dat is hiel fertrietlik. Myn dochter soe foar it earst mei, sy moast bot gûle."
Ferline jier die de feriening in oanpassing sadat it kamp wol trochgean koe. Se makken it gebied dêr't se nei ta gienen lytser. "Dêr wie it noch wol feilich. Dêr hawwe we doe riden."
In hynder fan manege de Poptaruters
In hynder fan maneezje de Poptaruters © Manege de Poptaruters
No is dat dus net mear mooglik. Ek in oare bestimming wie gjin opsje foar de Poptaruters. "Us konneksjes lizze yn Drinte. De fasiliteiten binne dêr allegear en troch ús kontakten kinne we de prizen leech hâlde. We witte wat we oan elkoar hawwe, der is in fertrouwensbân. Dat giet al 25 jier hiel goed."
De feriening hopet dit jier wol wat oars organisearje te kinnen. "We sille sjen oft we yn de maneezje aktiviteiten opsette kinne."

Gruttere gefaren

Neffens ekolooch Erwin van Maanen hie de ruterferiening it kamp bêst wol trochgean litte kind yn Drinte. "Er zijn veel grotere gevaren dan de wolf. Veel mensen hebben een diepgewortelde angst voor het dier, maar ik denk dat die niet reëel is. Er gaat echt geen horde wolven achter die pony's aanrennen. Wat dat betreft is een hardrijdende auto bijvoorbeeld veel gevaarlijker", seit hy tsjin de NOS.
Hoe't it yn de takomst komt mei it kamp, is noch ûnwis. "We wolle wol in ponnykamp oanbiede", seit Bosma. Dat kinne we no net yn in oar plak dwaan, mar dat wol net sizze dat it yn de takomst net oars is."