Helpferliening Fremantle Highway ferrûn yn sfear fan gaos en miskommunikaasje

bran
Brân op de Fremantle Highway boppe It Amelân © Kustwacht
In healjier nei it ûngelok mei de Fremantle Highway boppe It Amelân, wurdt hieltyd mear dúdlik hoe't de brân ûntstean koe en wêrom't de helpferliening sa gaoatysk ferrûn. De oarsaak fan de brân is lykwols noch altyd net bekend.
Ut stikken dy't frijjûn binne troch de Twadde Keamer docht bliken dat de helpferliening hiel let op gong kaam en dat de kommunikaasje betiizjend wie. Dêr is de bemanning ek sels skuldich oan. Sy joegen ynearsten oan it fjoer sels de baas te kinnen.
Om't de bemanning oanjoech dat se de brân sels bestride koene, rjochte de Kustwacht harren foaral op it stypjen fan it personiel by it útmeitsjen fan it fjoer.
De brân op de Fremantle Highway bruts út yn de nacht fan 25 op 26 july, doe't it skip boppe It Amelân fear. By de brân foel ien deade en rekken meardere minsken ferwûne. Fanwegen de fjouwertûzen auto's dy't oan board stienen, wie der grutte soarch oer it lekken fan giftige stoffen of oalje yn de see. It skip hat in wike brând en is doe nei de Eemshaven sleept.
Dêrnei kaam de melding dat de bemanning de brân net ûnder kontrôle krige en hat de Kustwacht in spesjaal brânwachtteam, it MIRG-team, opdracht jûn om te helpen.
Doe't dit team ûnderweis wie yn twa SAR helikopters, waard pas dúdlik dat de brân eskalearre en dat de bemanning evakuearre wurde moast. Dit berjocht kaam twa oeren nei de earste melding fan de brân, stiet yn de dokuminten.
Sjoch hjir nei bylden fan de brân
De helikopters moasten doe earst it MIRG-team wer ôfsette om romte te meitsjen foar de evakuaasje. Dêrnei fleagen de helikopters troch nei de Fremantle Highway.
Foar sân fan de 23 bemanningsleden wie it doe al te let. Se wiene al fan it skip sprongen. Ien fan harren ferstoar yn de rêdingsboat fan de KNRM.

It sikehûs of fleanbasis

De oare sechstjin bemanningsleden binne wol evakuearre troch de helikopters, mar dat gong net soepel. Ut in resint evaluaasjerapport, dat de Leeuwarder Courant yn hannen hat, blykt dat gjinien wist wêr't de rêden bemanning ôfset wurde moast.
Earst waard kommunisearre dat it it sikehûs of de fleanbasis yn Ljouwert wêze moast, mar it waard úteinlik it fleanfjild fan Eelde.
De krante skriuwt: Het vliegveld Eelde bleek om vier uur 's nachts dicht. De geredde bemanningsleden konden niet worden overgedragen en worden nagekeken op letsel en ademhalingsproblemen, omdat 'ambulances het vliegveld niet op konden komen omdat het hek dicht was.
Fremantle
Fremantle Highway wurdt nei Eemshaven brocht © Kappers Media
Yn it evaluaasjerapport stiet dat de belutsenen wolle dat de Kustwacht en de Meldkamer Noord-Nederland inoar better fine moatte yn it útwikseljen fan ynformaasje. Om't beide net faak gearwurkje 'yn opskaalde tastân', stiet yn it rapport, soene se mekoar mear belûke moatte by trainingen.

Restauraasje skip

It skip leit yntusken yn Rotterdam en wurdt restaurearre. Nettsjinsteande de brân binne de wichtichste dielen fan it skip yntakt bleaun. Rijnmond, de regionale omrop fan Súd-Hollân, spruts yn novimber mei de tydlike eigener fan it skip, Gijs Olsthoorn fan KOOLE Contractors.
"De brand heeft vooral gewoed tussen dek nummer vijf tot dek nummer twaalf. Maar dek één tot en met vier zijn de belangrijkste van het schip, die zijn vrijwel intact gebleven. Daar zitten de motoren en de pompsystemen, dus die zijn ook het meest waardevol."
fremantle highway
De swier skansearre bútenkant fan de Fremantle Highway © ANP
Troch de goeie steat fan it skip binne der in soad keapers dy't it skip wol oernimme wolle. It reparearjen sil lykwols noch in oantal jierren duorje.

Undersyk

Dizze tongersdei wurdt der yn de Twadde Keamer praat oer de brân op de Fremantle Highway. It ûndersyk oer de oarsaak fan de brân rint noch.