Unyk duo by UNIS Flyers: in Belgysk-Kanadeeske twilling op It Hearrenfean

Tijs en Lowie Vreys mei de hockeysticks
Tijs en Lowie Vreys mei de hockeysticks © Omrop Fryslân
De twilling Tijs en Lowie Vreys (21) hat in bysûnder ferhaal. De manlju groeiden op yn België, ferhuzen as 6-jierrigen nei Kanada, kamen ferline jier werom, mar spylje no by UNIS Flyers op It Hearrenfean.
Yn België spilen de bruorren by HYC Herentals, mar foar dit seizoen binne de oerkaam nei Fryslân. De manlju hawwe it goed nei 't sin. "We hebben altijd bij elkaar gewoond, we weten niet beter", seit Lowie. Hy is de jongste fan de twa.
Tijs, dy't twa minuten earder berne waard, heakket ta: "Elke dag zijn we samen, dat waren we in de jeugd al en dat zijn we nu nog steeds."
De twilling yn de perioade dat se nei Kanada ferhuzen
De twilling yn de perioade dat se nei Kanada ferhuzen © Eigen foto
Sa'n 15 jier lyn besleat de famylje Vreys fan België nei Kanada te emigrearjen. "Mijn vader ging naar Canada om daar een cursus te volgen om bungalows te bouwen", fertelt Tijs.
"Hij werd vervolgens verliefd op het land en wilde daar graag blijven. Onze ouders hadden een apotheek in België, die hebben ze verkocht en daarna gingen we op een grote boerderij in Canada wonen." De twilling hat noch twa âldere bruorren en in âldere sus.
In Belgysk-Kanadeeske twilling op It Hearrenfean
"We waren nog vrij jong toen", follet Lowie oan. "Ik herinner me nog goed dat we de eerste dag in Canada huilend naar school gingen."
Dat wie earst wol efkes wennen, jout er ta. "Maar we maakten razendsnel vrienden. Al snel voelde Canada voor ons als thuis. Toen we acht waren, zijn we daar begonnen met ijshockey, dat beviel ons direct heel goed."

Oeren op it iis

It libben wie geweldich yn Kanada, fertelt Tijs. "We waren de hele dag buiten. Aan het ijshockeyen, kanoën, skiën of op onze sneeuwscooters rondrijden."
Lowie: "Maar het ijshockey kwam toch echt op de eerste plaats. Iedere dag stonden we urenlang op het ijs."
Tijs en Lowie Vreys op it wetter yn Kanada
Tijs en Lowie Vreys op it wetter yn Kanada © Eigen foto
Tijs: "IJshockey was alles voor ons. En ja, tussen ons beide was er vaak strijd", seit er. "Ik denk dat we wel honderd keer met elkaar hebben gevochten."
Op de fraach wa't der no it faakst wûn hat, komt fluch in antwurd. "Ik natuurlijk", roppe Tijs en Lowie yn koar. Beide manlju laitsje. "Volgens mij is dit het enige waar we echt totaal verschillend over denken."

Werom nei Europa

De twilling spile jierren op heech nivo iishockey yn Kanada. Yn 2022 besleaten se sels nei België werom te reizgjen, om dêr foar Herentals spylje te kinnen.
"We zagen het als een mooie kans, om bij een grote club in ons geboorteland te spelen. Er woont nog steeds familie van ons in België, het was fijn om hen ook weer eens te zien."
Tijs en Lowie Vreys fiere in goal
Tijs en Lowie Vreys fiere in goal © Eigen foto
Dat de bruorren goed prestearren yn België, bleau by UNIS Flyers op It Hearrenfean net ûngemurken.
"Flyers nam contact met ons op en sinds dit seizoen spelen we daar", seit Lowie. "We wilden graag naar een club die ons echt wilde hebben", follet Tijs oan.
"Vorig seizoen hebben we met Herentals al tegen ze gespeeld, dus we kenden de club al een beetje. Nu we hier zitten, bevalt het ons uitstekend. We hebben een leuk team en de faciliteiten zijn heel goed."

Flyers bliid mei de bruorren

De bruorren hawwe in kontrakt foar twa jier tekene. By de klup binne se bliid mei harren.
"Het zijn geweldige jongens", seit coach Mike Nason. "Heel aardig, ze werken keihard en ze kunnen goed ijshockeyen. Tijs is aanvaller, Lowie juist verdediger. Ze staan iedere dag met een grote glimlach op het ijs."
"Ze verschillen wel wat van elkaar", fynt captain Lars den Edel. "Tijs is wat drukker, die heeft een beetje ADHD. Lowie is daarentegen een stuk rustiger. Maar het zijn twee heel aardige jongens, ze passen heel goed in onze groep. Volgens mij zijn ze ook al aardig ingeburgerd in Fryslân."
UNIS Flyers fiert in oerwinning
UNIS Flyers fiert in oerwinning © Martin de Jong Fotografie
It skeelt dat de bruorren de taal ferstean kinne. Lowie: "Het is wel lastig om Nederlands te praten, maar we kunnen alle gesprekken in elk geval wel volgen. Er zijn zeker grote verschillen met Canada, maar toch hebben we ons hier snel en makkelijk aangepast."
Tijs: "Alleen die rotondes... Het zijn er verschrikkelijk veel, daar moest ik wel enorm aan wennen hoor."

Jonge ploech

Wat de prestaasjes oanbelanget, giet it de lêste wiken net hiel goed by UNIS Flyers. De ôfrûne trije wedstriden waarden ferlern.
"Dat komt omdat we een jonge ploeg hebben", tinkt Lowie. "Dan is er wel eens een moment in een seizoen dat het even iets minder gaat." Tijs: "We hebben ook wel wat pech gehad. Bijvoorbeeld de wedstrijd tegen Leuven, die we in overtime hebben verloren."

Gjin reden foar panyk

Mar reden foar panyk is der net, fine se. "We blijven iedere dag keihard werken en dan komen de overwinningen vanzelf weer."
Dit wykein komme de Flyers út tsjin HIJS Den Haag (freed) en spylje se thús tsjin Eaters Limburg fan Geleen (sneon). Lowie: "We willen iedere wedstrijd winnen, daarom spelen we ijshockey. Ik denk dat iedereen er in onze kleedkamer zo over denkt."