Wa kin noch einekoerflechtsje? "Der binne hieltyd mear nedich"

einekoerflechtsje bouwe de groot
Bouwe de Groot flechtet in einekoer © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It is in ambacht dêr't allinnich minskehannen oan te pas komme: it einekoerflechtsjen. Mar oer de takomst binne soargen. Der stean te min nije flechters op, wylst de fraach allinnich mar tanimt.
Op in krukje yn syn skuorre yn Grou sit Bouwe de Groot (72). Op skurte hat er in einekoer. "Do kinst einekuorren op ferskillende manieren meitsje. Ik doch dat mei reid en mei flaaks. It reid bûgje ik moai yn de rûnte en dêr giet it flaaks omhinne", omskriuwt De Groot.
It reid komt út de ûnderwâlen fan de wetterlannen om Grou hinne. "Dat kapje ik rûnom de langste dei fan it jier, yn juny of july, as der noch net in soad plom yn sit."
Soargen oer takomst einekoerflechtsjen
Alle kuorren wurde mei de hân makke en dêr giet nochal wol wat tiid yn sitten. It binne net allinnich foar einen in feilige haven, mar foar alle fûgels. De Groot makket sa'n hûndert kuorren yn it jier.
Mar dêrmei foldocht er by lange nei net oan de fraach. By De Strampel, de Fryske feriening fan einekoerflechters, komme elts jier sa'n 500 oant 600 oanfragen binnen. "Dy komme fan winkels, organisaasjes en partikulieren. Us feriening hat 35 einekoerflechters, mar dy komme dêr gewoan net oan ta."

Kâns op oerlibjen

Mar wêrom is der ynienen mear fraach nei de kuorren? "Dy binne hieltyd mear nedich troch predaasje", leit De Groot út. "Fûgels hawwe fijannen as de foks en de murd, dy't yn oantal tanimme. In einekoer biedt dêr beskerming tsjin en sa krije de pykjes de kâns om te oerlibjen."
einekoer einekoerflechtsje bouwe de groot
Bouwe de Groot flechtet in einekoer © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Hieltyd mear minsken wolle neffens De Groot in stientsje bydrage oan it op peil hâlden fan de greidefûgelstân. "En liket ek nochris moai as je oan it wetter wenje om sa'n einekoer te hawwen."
Boppedat hawwe minsken hieltydmear ferlet fan doursume miljeuprodukten. "Je meitsje fan eat dat ut de natuer komt wer in moai natuerprodukt. Sa soargje je dat eintsjes wer briede kinne en wy fierder kinne mei de natuer."

Nije generaasje flechters

De Groot makket him soargen oer it fuortbestean fan it fak. "Eartiids hie elk doarp wol in pear flechters, mar no is it in bytsje útstoarn." Om oan de tanimmende fraach foldwaan te kinnen, moat der neffens De Groot in nije generaasje einekoerflechters opstean.
einekoer einekoerflechtsje bouwe de groot
Bouwe de Groot flechtet in einekoer © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"Wy jouwe mei ús ferienings kursussen. Ofrûne sneon makken wy yn Boazum kuorren mei tolve begjinnende flechters. En takom sneon hawwe wy in iepne dei yn doarpshûs De Trilker yn Poppenwier. Dan litte tsien flechters sjen hoe't je in koer meitsje. Wy hoopje de jeugd dêrby oan te lûken."
De koer dêr't De Groot dizze wike oan wurket, krijt in plakje yn de fiver by Lângoed Lauswolt by Beetstersweach. "Elk dy't kuorren makket, sjocht dy dan werom yn de natuer. Dan hast even kontakt oer hoe't it giet. En dan hast ear fan dyn wurk. Dat is prachtich."