Resinsje Gozert: in spegel fan ferbylding foar jong en âld

In sêne út 'Huize Hoopvol', de ynstelling dêr't Ties hinne stjoerd wurdt
In sêne út 'Huize Hoopvol', de ynstelling dêr't Ties hinne stjoerd wurdt © Tom Coehoorn
Hoe't in beskieden toanielselskip grut wêze kin. Mei 'Gozert' lit Jeugdtheater Frets sjen dat net eltsenien lyk is en datst it 'oars-wêzen' fan in oar ek omearmje kinst. In wize les foar bern en folwoeksenen.
It mei dúdlik wêze: Gozert is de grutte favoryt by it jonge publyk dat nei de foarstelling komt. Gozert is de ûnsichtbere freon fan it jonkje Ties. Tegearre belibje sy de spannendste aventoeren, mar dêrtroch rekket Ties geregeld yn de problemen.
It is knap hoe't de cast in seal fol stuiterjende bern yn 'e stringen hâldt. De akteurs witte goed de ferbining te lizzen mei it publyk en litte de bern sels helpe by in ûntsnapping. Dat dogge sy mar wat graach.

Gozert is in dogeneat

Foar Ties bestiet Gozert echt. Krekt as foar de bern yn de seal. As Gozert 'wie ziet mij?' freget, fleane de fingers de loft yn. Gozert hat de meast kleurrike klean oan, wol it opnimme tsjin trollen en springt oer it poadium hinne.
Johannes Hospes yn de rol fan Gozert
Johannes Hospes yn de rol fan Gozert © Tom Coehoorn
Ties syn âlden begripe it lykwols net. "Binne dyn fantasyen werom", freget Ties syn mem, dy't oertsjûgjend spile wurdt troch Eline de Vries. "Gozert is net echt, hy sit allinne yn dyn holle."

It kontrast

It is de cast bysûnder goed slagge om de deistige sleur fan de húshâlding del te setten. Heit komt thús, begroetet de famylje, faget de skuon, mem freget oft it drok wie, se nimme kofje op de bank.
In alledeiske sêne, dy't troch it repetearjend en ritmysk del te setten dochs benearjend en dêrtroch oantreklik wurdt om nei te sjen. De aventoeren mei Gozert steane yn skril kontrast mei it saaie twangjok dat fan Ties lange wurdt.
De cast: Johannes Hospes, Patrick de Vries, Ella de Jong, Freerk Hospes en Eline de Vries
De cast: Johannes Hospes, Patrick de Vries, Ella de Jong, Freerk Hospes en Eline de Vries © Jeugdtheater Frets
De cast stiet mei fiif man sterk op it poadium, ûnder lieding fan regisseur Maarten Bootsma. Jeugdtheater Frets wurdt foarme troch Patrick de Vries, Johannes Hospes en Freerk Hospes, mar Ella de Jong en Eline de Vries - dy't mei de manlju spylje - dogge echt net foar harren ûnder.
Teäterselskip Frets bestiet yntusken al goed tsien jier, mar docht wêr't it goed yn is: it oansprekken fan de ferbylding. Ek diskear wer, mei de 'imaginary friend' Gozert.

In spegel foarhâlde

Hoewol't de foarstelling op bern rjochte is, skrilje de akteurs net tebek om ek folwoeksenen in spegel foar te hâlden. Ties syn âlden stjoere him nei in psycholooch en in ynstelling: medikaasje moat Ties fan syn waanbylden ôf helpe.
"Ik bin net gek", fersuchtet Ties. "Ik wol gewoan nei hûs." Ties wurdt troch Patrick de Vries spile. Ties is wat ûnnoazel delset en hat it hier wat wyld om 'e kop.
Yn de ynstelling moetet Ties it famke Luna, dy't yn deselde situaasje sit. Luna wurdt opfierd troch Ella de Jong, dy't de foarstelling ferskate kearen mei muzyk opfleuret.
Ties wol gjin 'somby' wurde
Ties wol gjin 'somby' wurde © Tom Coehoorn
It dekôr is ienfâldich, mar effisjint. In tal langwerpige kisten stiet hast de hiele foarstelling op it toaniel. It is knap hoe't it teäterselskip dizze attributen hieltyd op 'e nij foar ferskate doelen brûkt.
Sittend op in kiste, mei in los stjoer yn 'e hân en in inkelde autodoar fêst, witte de spilers de yllúzje fan in auto op te wekken. In moai foarbyld fan hoe't je mei amper middels dochs in soad sjen litte kinne. Freerk Hospes wikselet ek sûnder muoite fan rol: set him in oare pet op en der stiet in oare persoan.

'Uit van huis'

Yn de foarstelling is sawol Frysk as Nederlânsk te hearren. Sa prate Ties en mem Frysk, mar heit en Gozert Nederlânsk. De akteurs geane dêr op in boartlike en humoristyske wize mei om. As Ties nei de ynstelling moat, hat Gozert it oer 'uit van huis gaan.' Gjin geef Nederlânsk, mar alle bern begripe it wol.
Pas oan de ein wurdt de ferhaalline echt dúdlik. Dat is it iennige minpunt fan it stik: de slotfaze, wêryn't alles op syn plak falle moat, is út en troch wat gaoatysk. Dat is eins skande foar it ûnderlizzende boadskip.
Yn de foarstelling wurdt ek songen
Yn de foarstelling wurdt ek songen © Tom Coehoorn
De foarstelling 'Gozert' is makke nei it boek fan Pieter Koolwijk dat deselde namme hat. Yn 2021 krige Koolwijk mei 'Gozert' de Gouden Griffel foar it bêste berneboek. In sterk ferhaal dus, je moatte it mar oandoare om soks op 'e planken te bringen.
Koolwijk wie as geastlik heit by de premjêre en seach dat it goed wie. 'Heel cool', konkludearre hy nei ôfrin. Mei de premjêre waard ek de Fryske oersetting fan syn boek presintearre, makke troch Rymke Zijlstra.
Ek sy is net de minste, wat har eardere oersettingen 'De Bruorren Liuwehert' en 'Lampke' binne nominearre foar de IBBY Honour List. Koolwijk hie in Fryske pake en is grutsk dat syn ferhaal no ek yn it Frysk te lêzen en te sjen is.
It boek 'Gozert' yn it Frysk
It boek 'Gozert' yn it Frysk © Afûk
'Gozert' is al mei al in moaie jeugdfoarstelling wurden, dy't goed de fertaalslach makket nei de belibbingswrâld fan bern. De toan wurdt fuortendaalks set en it slagget de spilers om it publyk meilibje te litten mei it ferhaal fan Ties.

Bestiet Gozert?

Mar dy Gozert, bestiet dy no echt? Yn de 'FAQ' op harren webside keatst it Jeugdtheater de fraach hast filosofysk werom: 'Mei Gozert bestean?'
Oft de fraach no beäntwurde wurdt of net, de foarstelling lit it publyk neitinke oer akseptaasje. Net eltsenien is by steat oan 'de noarms' fan de maatskippij te foldwaan, guon minsken binne wat 'oars as oars.' De mienskip moat him dêrta ferhâlde en dat is in wize les foar jong en âld.
'Gozert' is as skoalfoarstelling foar bern út groep 5-8 noch oant en mei july te sjen. Op 1 maaie is it stik boppedat foar eltsenien te sjen yn Theater Sneek. It wurdt yn fiif teäters yn Fryslân opfierd, dêrnei giet de foarstelling yn it Nederlânsk fierder yn de rest fan it lân.