Stichting Wij(s) met Wolven wol dat provinsjes wolf deameitsje kinne

Wolf
Wolf © ANP
It tal wolven yn it Drents-Friese Wold moat werombrocht wurde. Ek al soe dat it deameitsjen fan de wolf betsjutte. Dat fynt de stichting Wij(s) met Wolven, dat binne bewenners en bistehâlders yn de buert fan it natuergebiet.
De stichting stjoert in brief oan de provinsjes Fryslân en Drinte. "De wolf is een beschermd beest in Europa," seit Annet Muller fan de stichting. "Maar binnen die wetgeving hebben landen ruimte om hun eigen regels te bepalen, om overlast gigantisch naar beneden te kunnen halen."

Beskerme status

Oer de beskerme status fan de wolf is al langer gedoch. Europa sei koartlyn de status net oan te passen. Dochs hopet de stichting dat de provinsjes wat mear dogge om it tal wolven nei ûnderen te heljen.
"De wolf zoekt ons steeds vaker op en valt nu ook gewoon beveiligde kuddes schapen aan. Ze gaan door rasters en dus maakt beschermen niets meer uit. Dan valt het wat mij betreft onder tegengaan van overlast."
Stichting Wij(s) met Wolven wol dat provinsjes wolf ôfsjitte
Der is earder in rapport opsteld troch de provinsjes. Yn it 'Interprovinciaal Wolvenplan' stiet beskreaun wat provinsjes mei de oanpak fan de wolf kinne. Dêryn stiet dat in 'probleemwolf' beheind wurde moatte kin. Mar dan is de fraach wat in probleemwolf is.
"We willen dat de provincies daar veel strakker op gaan reageren, die definitie goed en duidelijk vastleggen en die ook handhaven", seit Muller. "Probleemwolven moeten verplaatst of gedood kunnen worden."
Fraach is wol of de macht fan de provinsje sa fier rikt. De juridyske ûnderbouwing fan it 'Interprovinciaal Wolvenplan' wurdt noch ûndersocht.

Juridyske stappen

Provinsje Fryslân seit nei de brief te sjen,. "Lykas yn Drinte meitsje wy ús as provinsje soargen oer oanfallen fan de wolf op fee. We sykje nei oplossingen binnen de wetlike mooglikheden", lit in wurdfierder witte.
Drinte sjocht al fierder. Sy ûndersykje oft in wolf nei meardere oanfallen fan beskermd fee dochs deamakke wurde kin. Drinte stribbet dernei om in 'wolffrije' provinsje te wurden.
Stichting Wij(s) met Wolven easket binne twa wiken in reaksje fan de provinsje Fryslân. Oars ûndernimme sy juridyske stappen.