Taalbelied kin bedriuwen as ING helpe: "Troch Frysk te brûken ferkeapje je mear"

Fryske flagge Afúk
Fryske flagge © Omrop Fryslân
In petear mei in telefoansintrum fan de bank fan ING hat in soad opskuor feroarsake yn Fryslân. Provinsje Fryslân wol no yn petear mei de bank en de Afûk wit wol hoe't it better kinne soe mei it Frysk by bedriuwen.
Tolk Fedde Dijkstra hong oan de telefoan mei de ING. Hy koe gjin antwurd krije yn it Frysk, ek al prate dyjinge oan de oare kant dat wol. "Dat heeft ermee te maken dat er met gesprekken mee kan worden geluisterd. En ja, binnen onze organisatie zijn we natuurlijk niet allemaal Friestalig", krige er te hearren.
"Ik hearde ien mei in Frysk aksint, dus ik sei: prate jo ek Frysk? Sy sei jawol, of eins: 'jawel. Maar wij mogen hier alleen Engels of Nederlands spreken met klanten.' Dat is no in hiel 'hot item' wurden, om mar yn moai Ingelsk te sizzen, dat sil de ING wol oanstean", sa seit Dijkstra.

Provinsje wol yn petear

It ferhaal is wiidweidich dield en ek troch nasjonale media oppakt. Provinsje Fryslân hat nei oanlieding fan it ferhaal oanjûn yn petear te wollen mei de bank.
Fedde Dijkstra, tolk
Fedde Dijkstra © Omrop Fryslân
"Wy tinke dat it foar in part gewoan in misbegryp is", seit deputearre Eke Folkerts. "Dat minsken net altyd begripe hoe wichtich de Fryske taal is foar ús mar ek foar Nederlân. Dat is net altyd like dúdlik foar sokke organisaasjes."
ING seit yn in skriftlike reaksje dat it nuansearder leit. Op it kantoar yn Ljouwert kinne klanten yn it Frysk te wurd stien wurde, mar de ferslachlizzing is wol yn it Nederlânsk of Ingelsk.
De telefoanyske klanteservice betsjinnet hiel Nederlân en wurdt foar in diel opnaam om beoardiele wurde te kinnen. Dat kin neffens it bedriuw allinnich dien wurde troch trainde meiwurkers en dus net yn it Frysk.
It bedriuw wol graach yn petear mei de provinsje om dit ta te ljochtsjen.
Folkerts tinkt dat der wol in oplossing fûn wurde kin troch de situaasje yn in petear út te lizzen. "As je dêrmei je klanten goed yn de mjitte komme kinne, kin ik my net foarstelle dat in kommersjele organisaasje as de ING dit net oanpasse wolle soe."

Taalbelied by bedriuwen

De Afûk is dwaande mei it ûntwikkeljen fan taalbelied op maat foar bedriuwen. Mei twa meiwurkers helpe se yn in jier tweintich bedriuwen oer hoe't se it Frysk better yntegrearje en brûke kinne by de wurksumheden. Dat fariearret fan de GGD oant tankstasjons.
Eke Folkerts
Eke Folkerts © Omrop Fryslân
"Ik fyn dit in bytsje maklik", seit Mirjam Vellinga fan de Afûk. "ING is in kommersjeel bedriuw. No haw ik it idee dat it systeem foarrang hat boppe de klantfreonlikens. Se ha in grut kantoar hjir yn Ljouwert mei in soad Fryske meiwurkers dus ik soe sizze: meitsje dêr gebrûk fan, tink yn oplossingen."

Mear ferkeapje

Ut in ûndersyk fan taaladvysorgaan DINGTiid die yn 2019 al bliken dat it Frysk brûken yn bedriuwen de drompel ferleget. Sy seagen ek reewilligens by benammen Ryksútfieringsorganisaasjes om mei in taalbelied oan de slach te gean. Ek de Afûk fernimt yn de praktyk dat sa'n belied foardielen opsmyt.
"Je ferkeapje gewoan mear, dat krije wy sels werom fan ûndernimmers. De fertrouwensbân mei in klant is grutter as je beide de memmetaal brûke, je prate makliker en krije mear ynformaasje."
Neffens har soe it al in hiel soad helpe as minsken dy't fan hûs út net Frysk binne har dêr bewust fan wurde.
Frysk yn it bedriuwslibben.
In taalbelied oplizze is neffens Vellinga lykwols net in goede wurkwize. "Wy freegje wat de bedriuwen wolle en jouwe ferskate mooglikheden oer hoe't se dat berikke kinne. Elts bedriuw hat syn eigen bedriuwsfiering en dêr moatte je gewoan yn meitinke."
Fan de ING hat Dijkstra neat mear heard. "Dat ferwachtsje ik eins ek net, wol krij ik in hiel soad berjochtsjes fan minsken en fan media ek. Dus soks libbet blykber wol ûnder minsken."