‘Ode aan een klootzak’: oer in ynspirearjend dosint en in heit mei twa gesichten

Rine Palsma mei it boek oer har heit
Rine Palsma mei it boek oer har heit © L1, Ruud Kleinen
Rine Palsma komt der pas nei de selskeazen dea fan har heit yn 2018 achter wa't er echt wie. Se fynt allegear notysjes, deiboeken, rekkens, brieven en foto's: 26 doazen fol. Wat folget is in echte ûntdekkingsreis.
Bytsje by bytsje wurdt dúdlik hoe't se har bysûndere famyljeskiednis tsjutte moat. Se fielt it ferlet om har ferhaal iepenbier te meitsjen en skriuwt in boek mei de yntrigearjende titel 'Ode aan een klootzak'.
It is in earbetoan en in oanklacht tagelyk. De titel komt fan in gedichtsje dat har styfmem skreaun hat en dat Palsma fynt yn ien fan dy 26 doazen. It jout oan dat de relaasje fan Palsma en har sus mei har heit tige kompleks wie.
In de keukenkastjes vonden we de levensmiddelen die mijn moeder 35 jaar geleden voor hem achtergelaten had.
Rine Palsma
Yn 1981 ferhúzje Rine Palsma, har sus en har styfmem fan Ljouwert nei Limboarch. Har biologyske heit bliuwt achter yn Ljouwert. Hy tinkt dat it om in tydlike skieding giet, mar hy sil syn dochters nea wer sjen.
Palsma besiket wol kontakt mei him te krijen. Se skriuwt brieven en hy beäntwurdet dy brieven ek, mar ta in moeting komt it net. Se beslút ôfstân te nimmen en libbet har libben yn Limboarch mei har Fryske man en harren fjouwer bern.
Rine Palsma en har sus op de trouwerij fan har heit mei har styfmem
Rine Palsma en har sus op de trouwerij fan har heit mei har styfmem © Rine Palsma
Yn de winter fan 2018 stiet de plysje foar de doar mei de meidieling dat har heit ferstoarn is. Mei har fjouweren - Rine Palsma, har sus en de beide mannen - geane se nei Ljouwert, nei it hûs dêr't se opgroeid binne en dêr't har heit al dy tiid wenne hat.
"Toen mijn zus en ik het huis in gingen, was er meteen een doordringende stank. Het was onbeschrijflijk vies en in de keukenkastjes vonden we zelfs nog de voorraad die onze stiefmoeder achter had gelaten voor hem toen we in 1981 vertrokken naar Limburg", fertelt Palsma oer de konfrontearjende moeting mei de neilittenskip fan har heit.
Rine Palsma by it hûs dêr't se oant har tolfde wenne en dêr't har heit altyd wenjen bleaun is
Rine Palsma by it hûs dêr't se oant har tolfde wenne en dêr't har heit altyd wenjen bleaun is © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Yn it boek neamt se har heit Rinus. Dat is net syn echte namme, mar om him en oare famyljeleden dochs wat privacy te jaan, brûkt Palsma pseudonimen.
Rinus is in tige respektearre natuerkundedosint oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert. Learlingen dy't útblinke yn natuerkunde rinne mei him fuort, want hy is in echte ynspirator dy't altyd ree is om te helpen.

Learling Diederik Samsom rekket ynspirearre

Diederik Samsom, bekend wurden troch syn politike karriêre, hat troch de ynspirearjende lessen fan Palsma har heit keazen foar in stúdzje natuerkunde. Hy is net de iennige.
Learlingen dy't goed binne yn natuerkunde, krije alle oandacht fan him en binne tige ynnommen mei him. Mei oaren, dy't minder oanlis ha foar de eksakte fakken, hat er neat. Dy krije hast gjin omtinken fan him. Dizze learlingen binne dan ek minder oer him te sprekken.

Twa gesichten: respektearre en egosintrysk

Rinus hat twa gesichten. Op skoalle is er de respektearre dosint mar thús is it in egosintryske, net-sosjale man.
Mei syn earste frou krijt er twa dochters. Palsma tinkt dat har heit echt fan har biologyske mem holden hat, mar dat er net by steat wie om dat te uterjen.
It hûs yn de wyk Bilgaard dêr't Rine Palsma har heit oant syn dea wenne hat
It hûs yn de wyk Bilgaard dêr't Rine Palsma har heit oant syn dea wenne hat © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
As Rine Palsma oardel jier is, stjert har mem oan de gefolgen fan kanker. Wylst har mem deasiik yn it sikehûs leit, siket Rinus al nei in ferfanger.
Minder as in jier nei de dea fan har mem trout er mei in frou út Limboarch. It is in min houlik sûnder leafde, Palsma en har sus groeie op yn in thússituaasje fol spanning, skellerij en rûzje.
Mijn vader was geen akelige, vervelende man. Het was onvermogen van hem. Dat geloof ik echt.
Rine Palsma
Har styfmem wrakselet mei har eigen fertriet en ûngelokkige libben en is net by steat om har styfdochters leafde te jaan. Har heit bemuoit him net mei de opfieding fan syn dochters en libbet yn syn eigen wrâldsje.
"Mijn vader was geen akelige, vervelende man. Het was onvermogen van hem. Dat geloof ik echt", seit Palsma mei klam.
Rine Palsma as lyts famke by de mynkarre dy't letter yn de tún fan it hûs yn Ljouwert stiet
Rine Palsma as lyts famke by de mynkarre dy't letter yn de tún fan it hûs yn Ljouwert stiet © Rine Palsma
Yn 1981 - Palsma is dan 12 jier - kin har styfmem it net mear oan en se giet mei de beide famkes werom nei Limboarch.

Lestige puber

De drege jierren hawwe ynfloed op Palsma: se is in lestige puber en as se fjirtjin jier is, driget har mem har werom te stjoeren nei Fryslân, nei har heit.
Dat wol Palsma út noch yn net en se rint fuort. Se giet nei in ynternaat en fynt dêr in goed plak.
Oant se safier is dat se op harsels wenje kin, wennet se yn it ynternaat en krijt se begelieding fan profesjonele helpferlieners. Se brûkt har eigen ûnderfinings, bûcht dy om en fynt wurk yn de psychiatry.
Rine Palsma yn de tún fan it hûs yn Bilgaard, dêr't noch altyd in Limboarchske mynkarre stiet
Rine Palsma yn de tún fan it hûs yn Bilgaard, dêr't noch altyd in Limboarchske mynkarre stiet © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Nei de fynst fan it 'argyf' yn har âlderlik hûs beslút Palsma om it ferhaal op te skriuwen. Se nimt ferlof op en slacht oan it skriuwen. Dêr is se lang mei dwaande, want, seit se: "Ik was geen schrijver. Ik moest echt leren hoe ik iets goed op papier krijg."
Hij moest dood gaan om hem tot leven te brengen.
Rine Palsma
'Ode aan een klootzak' is gjin wraakoefening. Palsma hat krekt besocht begryp te krijen foar in komplekse man.
Troch de puzel te lizzen fan al dy stikjes ynformaasje dy't se út dy 26 doazen helle, is dat ek slagge. "Hij moest dood gaan om hem tot leven te brengen", seit se dêroer.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
Dizze reportaazje is ek publisearre as podcast. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.