Boeren yn Súdeast-Fryslân moatte oppasse foar kriminaliteit

In plysje op in boerehiem
In plysje op in boerehiem © ANP
De feiligens yn it bûtengebiet komt hieltyd mear ûnder druk te stean. Kriminelen sjogge dêr kânsen foar de produksje of opslach fan drugs. Yn it súdeasten fan de provinsje komme se no yn aksje.
De gemeenten Opsterlân, Weststellingwerf en Eaststellingwerf wolle yn oparbeidzjen mei ûnder oare de plysje en boere-organisaasjes besykje om ûndernimmers ta te rieden op mooglike kriminaliteit.
Er is veel wantrouwen richting de overheid.
Gaby de Ruiter, fertrouwenspersoan by LTO-Noord
Der mist allinnich fertrouwen by de boeren, sa seit Gaby de Ruiter, fertrouwenspersoan by LTO Noord. De Ruiter is oansprekpunt foar boeren of oare minsken dy't yn it bûtengebiet wenje of wurkje.
"Er is veel wantrouwen richting de overheid", konstatearret sy. "Het gevoel van 'ja, wat heeft het voor zin'. Er wordt toch niets mee gedaan, want ik hoor er niks meer van. Dan houden ze de meldingen voor zichzelf."

Spesjaal buordsje

Boargemaster Andries Bouwman fan de gemeente Opsterlân wol dat just foarkomme. Dêrom hat Opsterlân aksje ûndernaam.
"We hebben nu twee keer per jaar een actie 'De boer op', waarbij we bij boeren op bezoek gaan en luisteren. Daar horen we regelmatig verhalen over dat ze benaderd worden of dat er onbekende auto's zomaar het erf op rijden."
It buordsje sa't it by ûndernimmers oan de dyk hingje kin
It buordsje sa't it by ûndernimmers oan de dyk hingje kin © Omrop Fryslân
De gemeenten yn it súdeasten hawwe dy sinjalen serieus naam. Se ha no buorden makke dy't boeren by de oprit fan it hiem pleatse kinne.
Bouwman: "Met die borden geven ze aan dat handhaving of de politie zo nu en dan langs kunnen komen en een blik in de schuur werpen. Boeren voelen zich daardoor gesteund en voor criminelen wordt het onaantrekkelijk zich daar te vestigen."
Boargemaster Andries Bouwman fan Opsterlân
Boargemaster Andries Bouwman fan Opsterlân © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Oft sa'n buordsje fuort de oplossing is, wit Gaby de Ruiter net. "Het is zeker een goede start. Het is heel erg belangrijk om als gemeente en wijkagent zichtbaar te zijn. Het gesprek aan te gaan. Een 'warm' contact, dus dat de boer weet wie de wijkagent is en die ook kent, zorgt voor hogere meldingsbereidheid."

In begjin

Boargemaster Bouwman wit ek dat de sa'n boerd allinne net de oplossing is. "Het is een eerste begin. We hopen zo criminelen af te schrikken en aan de voorkant te komen. Juist omdat het voor ons nog behoorlijk onzichtbaar is."