RUG hâldt op mei meartaligensoplieding en siket oar plak foar stúdzje Frysk

Fryske flagge, Ryksuniversiteit Grins
Fryske flagge by Ryksuniversiteit Grins © Shutterstock
It bestjoer fan de letterefakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins hat besletten om mei yngong fan 2025 op te hâlden mei de bachelorstúdzje 'Minorities & Multilingualism' (minderheden en meartalichheid). It Frysk wie dêr sûnt 2012 in ûnderdiel fan as 'Frisian track'.
Dochs is it net de bedoeling dat it Frysk ferdwynt op universitêr nivo. Koartlyn sei minister Robbert Dijkgraaf fan Underwiis 340.000 euro ta foar in stúdzje Frysk. Hy en de Twadde Keamer fine dat in stúdzje beskikber bliuwe moat en sichtberder wêze moat.

Nije bachelorstúdzje Frysk

De universiteit is no yn oerlis mei it ministearje fan Underwiis en de provinsje Fryslân oer de bêste foarm foar in nije bachelorstúdzje Frysk. "Er zit tijdsdruk op, want dit moet binnen anderhalf jaar geregeld zijn", fertelt wurdfierder Marijn van Bronkhorst fan de letterefakulteit.
"Je kunt niet zomaar binnen een paar weken of maanden een nieuwe bachelorstudie beginnen. Daar gaat altijd een accreditatietraject aan vooraf."
De universiteit is noch dwaande mei ferskate opsjes foar in nije bachelorstúdzje Frysk. Ien dêrfan is om de stúdzje in plak te jaan op de campus Fryslân fan de universiteit yn Ljouwert.
UCF
University Campus Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Minorities & Multilingualism waard yn 2012 opset troch professor Goffe Jensma mei it doel om de stúdzje Frysk, as ûnderdiel fan in bredere stúdzje oer Europeeske taalminderheden, in goed plak te jaan.
Yn earste ynstânsje like dat goed te wurkjen. De nije stúdzje luts frijwat studinten en de stúdzje waard ek posityf beoardiele. Mar nei ferrin fan tiid feroare de fokus fan Minorities & Multilingualism en wurke de kombinaasje mei it Frysk minder goed.

Maatskiplike tema's

De bachelorstúdzje Minorities & Multilingualism sjocht no net allinnich nei taalminderheden, mar hâldt him ek dwaande mei tema's as Black Lives Matter, de emansipaasje fan LGTBQ+-mienskip en migraasje en globalisearring.
De stúdzje wurdt ek oanbefelle as akademyske beropsoplieding ta 'diversiteitsmanager'.

Te min romte en tiid

Lang net alle studinten Minorities & Multilingualism binne ynteresearre yn it Frysk en lang net alle studinten Frysk hawwe belangstelling foar de oare ûnderdielen fan M&M, sa't de stúdzje ûnder studinten neamd wurdt.
Boppedat wie der te min romte en tiid om alle ûnderdielen fan it Frysk goed bestudearje te kinnen. Sa wie te lêzen yn it resinte rapport oer de takomst fan de Frisistyk fan de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen.
Er zit helaas ook geen enkele groei in, en daarom wordt de studie afgebouwd
Marijn van Bronkhorst, wurdfierder fan de letterefakulteit,
Dat de RUG no besletten hat om Minorities & Multilingualism ôf te bouwen hat alles mei jild te krijen. De oplieding hie de lêste fiif jier in trochsneed ynstream fan tsien studinten yn it jier en is dêrmei 'financiëel noodlijdend'.
"Er zit helaas ook geen enkele groei in, en daarom wordt de studie afgebouwd", fertelt Van Bronkhorst. Studinten dy't al mei de stúdzje begûn binne, kinne de bachelor wol ôfmeitsje. Foar de dosinten wurdt in oar plak socht op de universiteit.

Oanmelde kin noch

Yn teory kinne nije studinten harren noch hieltiid oanmelde foar Minorities & Multilingualism, mar de universiteit sil dat net oanmoedigje.
"De studenten van nu kunnen de studie gegarandeerd afmaken", seit Van Bronkhorst. "Dat wordt met eventuele nieuwe studenten een stuk lastiger, want veel studenten lopen onderweg vertraging op en dan geldt die garantie niet meer."