Fryske PvdA hat "grutte soargen" oer de berikberens en tagonklikens fan de soarch

Lot van Rassel, SEH-dokter Nij Smellinghe
Oan it wurk op de spoedeaskjende help © Omrop Fryslân
De Fryske Steatefraksje fan de PvdA hat fragen steld oer de beskikberens fan spoedeaskjende help yn Fryske sikehuzen.
Tiisdei kaam nei bûten dat pasjinten in pear kear yn de wike net terjochte kinne op de spoedeaskjende help fan trije fan de fjouwer Fryske sikehuzen. It soe foar in grut part te krijen hawwe mei de haperjende trochstream fan pasjinten fan de spoedeaskjende soarch nei ferpleechôfdielingen.
De PvdA hat dêrtroch "grutte soargen oer de berikberens en tagonklikens fan soarch yn ús provinsje". Neffens de partij soe dit mei de foarnommen fúzje fan de sikehuzen yn Snits en op It Hearrenfean noch slimmer wurde.
De PvdA fynt dat deputearre Femke Wiersma aksje ûndernimme moat en dat gearwurking yn de soarch in ûnderwerp wêze moat by it oerlis dat der is tusken provinsje, gemeenten en soarch- en pasjinteorganisaasjes.