Waadferiening nei rjochter fanwegen talitten garnalefiskerij

GarnalenfiskerWaad
In garnalefisker op it Waad © Remco de Vries/Omrop Fryslân
De Waadferiening wol in ein meitsje oan it tastean fan garnalefiskerij. De feriening is dêrom nei de rjochter stapt.
Der is op dit stuit gjin natuerfergunning foar garnalefiskerij op it Waad en de Noardseekust. Dochs stiet it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) de fiskerij op dit stuit ta.

Strangere regels

De foarige fergunning ferrûn ein 2022. De Waadferiening wol dat der yn in nije fergunning strangere ôfspraken komme oer wêr't op garnalen fiske wurde mei, wannear dat tastien is en hoefolle garnalen der fiske wurde meie.
"De natuur moet meer tijd krijgen om te herstellen", seit direkteur Wouter van der Heij fan de Waadferiening. "Een vergunning mag je alleen geven als de risico's van blijvende natuurschade zijn uitgesloten."
Wouter van der Heij
Wouter van der Heij © Omrop Fryslân
De Waadferiening docht yntusken net mear mei oan petearen oer de takomst fan de garnalefiskerij. Boppedat wol de Waadferiening de hjoeddeiske 'gedoogkonstruksje' fan tafel.

Nei de rjochtbank

It ministearje fielt dêr lykwols neat foar. It argumint dat der no mar kwealik regels binne foar de garnalefiskers wurdt troch it ministearje tsjinsprutsen. Dy stelt dat "In Natura2000-gebieden reeds sprake is van een gecontinueerde, langlopende regulering en inperking van deze visserij."
Mei oare natuerorganisaasjes hat de Waadferiening in skoftke lyn de stap nei de rjochter set. Sa hoopje se de hjoeddeiske foarm fan garnalefiskjen dochs stil te lizzen. Wat dat oanbelanget, wurde de natuerferienings stipe troch in resint ferskynd rapport dêr't yn stiet dat de garnalefiskerij op it Waad en de Noardseekust krimpe moat om de ûnderwetternatuer werstelle te litten.
GarnalenfiskersLauwerseach
Garnalenkotters yn de haven fan Lauwerseach © Remco de Vries/Omrop Fryslân
Under garnalefiskers nimt it wantrouwen yn de Waadferiening yntusken ta. "Wij willen de garnalenvisserij niet verbieden, zegt de Waddenvereniging, maar waarom dan deze rechtszaak?", freget fisker Cees Meeldijk him ôf.
"De natuurclubs hangen de ideologie van de wilde natuur aan en in die visie is de mens niet welkom. De visserij past dus ook niet in hun visie."

Unwissens

Yn Nederlân binne op dit stuit sa'n 200 garnalekotters. 70 dêrfan fiskje yn de Waadsee, 130 by de Noardseekust del. Yn de Waadsee wurdt der benammen op de sânboaiem fiske, by seegatten del en yn gruttere geulen.
It ôfrûne jier wie foar de garnalefiskers in min jier. Der waard 5 miljoen kilo fongen, wylst dat yn 2021 noch 20 miljoen kilo wie. "Er was het afgelopen jaar heel veel wijting op de kust. Die eten graag garnalen, dus dan blijft er weinig over voor ons", leit garnalefisker Corrie Nagel út.
De takomst fan Nagel syn bedriuw is ûnwis. Hy wol pas in stikstofearme motor yn syn kotter pleatse - in eask fan de oerheid - as der dúdlikens is oer in fergunning. "Als de minister zegt: hier heb je een vergunning op voorwaarde dat je voor 1 januari 2025 een schone motor met katalysator regelt, dan is dat duidelijk. Maar het demissionair kabinet trekt z'n handen ervan af. Daar kan ik geen bedrijfsvoering op draaien."
It ministearje bliuwt yntusken yn petear mei de fiskerijsektor, mar wannear't der mear dúdlikheid is oer in nije natuerfergunning, is net bekend.