Liveblog | 7 febrewaris

112-nijs 7 febrewaris: Auto folslein útbaarnd yn Drachten | Strjitrôf yn Ljouwert

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 7 febrewaris, 06:27
06:27

Strjitrôf yn Ljouwert

By in strjitrôf op de Tesselschadestraat yn Ljouwert ôfrûne sneon hawwe twa fertochten in koptelefoan en kaaien weinaam. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint en is op syk nei kamerabylden.
De fertochten binne noch net fûn. Beiden soenen se tusken de 20 en 22 jier âld wêze. Ien fan harren soe in 'Noard-Afrikaansk uterlik' hawwe. Hy hie in swarte trainingsbroek oan. De oare hat in wite hûdskleur. Hy is wat langer as de oare fertochte en hie in swart kopdeksel op.
06:23

Auto útbaarnd yn Drachten

De auto is net mear te rêden
De auto is net mear te rêden © SRFotografie
In auto is woansdeitemoarn folslein útbaarnd op de Wildzang yn Drachten.
De brânwacht hat it fjoer úteinlik út krigen en koe foarkomme dat de bestelauto njonken de brânende auto skea oprûn. Buertbewenners koenen in oare auto noch krekt op tiid fuort ride.
Hoe't de brân ûntstean koe, is net dúdlik.
06:20

Wolkom

Wolkom by it 112-liveblog fan woansdei 7 febrewaris. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.