De toan fan Froukje Sijtsma: "Frysk prate ferleget drompels"

de toan fan kollum froukje sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"It is wer ris safier. In meiwurker fan in klanteservice dy't gjin Frysk prate mei. Op sosjale media giet it dan fuort los. Fan "Bliksem, je moatte dochs gewoan Fryske prate kinne?" oant "Hun kunnen toch ook wel Nederlands?"
Diskear stiet de ING-bank ûnder fjoer. Se troffen it dêr mar. Dat it no krekt Fedde Dijkstra, de rjochtbanktolk Frysk, wêze moast, dy't in ôfspraak mei in bankadviseur meitsje woe. De servicemeiwurker hie in dúdlik Fryske tongfal en it kantoar siet yn Ljouwert. Ien en ien is twa, tocht Dijkstra. Mar nee, de frou mocht gjin Frysk prate, want dan koenen har calls net beoardiele wurde foar kwaliteitsdoeleinen. Dijkstra bleau Frysk praten, de servicemeiwurker Nederlânsk.
Sels makke ik it ek mei, doe't ik as studint yn Grins by de klanteservice fan in grutte tillefoanoanbieder wurke. Hoe kinne je klanten de bêste service biede? Troch de taal fan de klant te praten, miende ik. Myn senior tocht der oars oer. "Froukje, als jij Fries spreekt kunnen we jouw gesprekken niet beoordelen."
De toan fan Froukje Sijtsma
Ik antwurde dat ik dat begriep, mar dat se dan better in oar petear beoardiele koenen. Wisten se trouwens wol dat it Frysk in offisjele taal is? En boppedat: oare kollega's praten soms Frânsk, Poalsk of Arabysk. Mar dat mocht wol, om't dy klanten gjin Nederlânsk of Ingelsk koenen.
It is grif gjin ûnwil. In soad minsken fiele gewoan net oan hoe't in fleksibele meartalige mienskip wurket. En ek al begripe Fryske en oare meartalige servicemeiwurkers dat faak wol, lanlike beliedsadviseurs hawwe der wolris in oare fyzje op.
In pear jier lyn die ik foar DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, ûndersyk nei taalbelied by ryksútfieringsorganisaasjes, lykas it UWV, Belestingtsjinst en de meldkeamer fan de plysje. Dêrút kaam nei foaren dat servicemeiwurkers fleksibel omgean mei meartaligens, om't se de klanten sa better helpe kinne.
Toch ûntbrekt it faak oan útwurke taalbelied. Der binne yn dy organisaasjes gjin konkrete rjochtlinen hoe't der mei meartaligens omgien wurde moat.
En dêrtroch ûntstean faak sokke brantsjes, lykas by de ING. It opstellen fan goed taalbelied binnen bedriuwen en oerheidsynstellingen is dan ek ferstannich. As je witte wêr't je oan ta binne, hoege je der ek net mear oer te diskusjearjen.
In oare opfallende fêststelling yn myn ûndersyk is dat meiwurkers fan de klanteservice merke dat it brûken fan Frysk, mar likegoed Drintsk, Grinzers of migrantetalen, drompels ferleget. It brûken fan sokke talen is soms de iennichste wize om mei boargers yn kontakt te kommen. Minsken fine it spannend om oer saken lykas belesting of útkearingen te praten. It helpt dan om dat yn harren memmetaal te dwaan.
Of sa't de eardere BZK-minister Hanke Bruins Slot it yn 2022 sa moai ferwurde tidens har Rede fan Fryslân oer it Frysk: "De taal waarin je lacht en huilt. De taal waarmee je liefhebt en soms hardgrondig scheldt. De taal waarin je kind zijn eerste woordjes zegt. Het is de taal waarmee de verpleegkundige de patiënt in het ziekenhuis geruststelt. De taal die je vertrouwd is en waarin je je thuis voelt. Want taal maakt wie je bent." It is te hoopjen dat beliedsmeiwurkers fan de ING-bank dat nei dizze wike ek beseffe..."