Reedrydster Michelle de Jong operearre oan skynbonke: "Focus ligt op volgend seizoen"

Michelle de Jong
Michelle de Jong © ANP
Reedrydster Michelle de Jong hat in operaasje hân oan har skynbonke. Dêrtroch wurdt it wol hiel dreech foar De Jong om dit reedrydseizoen ôf te meitsjen.
"Over een aantal weken zal ik duidelijkheid hebben over hoe het ervoor staat, maar de focus ligt op volgend seizoen", lit de 24-jierrige sprintster witte.
De Jong hie al sûnt de simmer lêst fan in ûntstutsen skynbonke en koe dêrom in skoft lang net traine. Yn desimber fertelde se noch dat it de goeie kant op like te gean mei de blessuere, mar úteinlik wie in yngreep dochs nedich.
"Een lastig seizoen zo, maar hopelijk kan ik over een tijdje weer vrijuit schaatsen", meldt de Jong.