Lokaal mear romte om guozzeskea te bestriden

deputearre steaten
Deputearre Matthijs de Vries © Provinsje Fryslân
Om skea troch guozzen foar te kommen, wol Deputearre Steaten jagers en oare partijen lokaal mear romte jaan om in eigen oanpak te meitsjen. Dat stiet yn it nije guozzebelied 'Gans in balans' dat tiisdei nei Provinsjale Steaten stjoerd is.
Woansdei wurdt der yn kommisjeferbân oer praat wêrnei't der yn maart in definityf beslút falt. De praktyk leart dat de rjochter geregeld de grinzen oanjout fan wat je dwaan meie om guozzeskea foar te kommen. De fraach is dan ek hoefolle romte der echt is foar dy lokale oplossings.
"Wy kinne bygelyks aaien prikke. Wy kinne ferjeie mei ôfskot. Dat kinne wy allegear dwaan", stelt deputearre Matthijs de Vries.
"En dan moatte wy sjen wat der neffens it juridysk kader mooglik is. Wy sille ek as kolleezje rjochting it Ryk en Europa sjen wat der noch mear kin. Wat kinne wy bygelyks leare fan in lân as Dútslân dêr't sy it krekt wat oars dogge?"

"Net benaud"

Dy eigen oplossings foar guozzeskea moatte yn gebietsprosessen fûn wurde. Dat bart folle faker. Tink mar oan stikstof. De krityk is wol dat soks wol op grutte ôfstân fan de polityk plakhat en dat je je ôffreegje kinne hoe't it sit mei de demokratyske kontrôle dêrop.
De Vries is dêr net benaud foar. De provinsje "stelt de kaders", seit hy. Boppedat hat de provinsjale polityk in advys fan oanbelanghawwenden frege om it krekt sa oan te pakken.
Blesgoes
Blesguozzen tusken de pauguozzen © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Yn it nije guozzebelied krije wyldbehearienheden (WBE's) ek de romte om yn oktober it gewear te brûken om guozzen te ferjeien nei guozzeopfanggebieten dêr't boeren alle skea fergoede krije.
Feit is dat benammen blesguozzen troch de waarmere hjerst en winter geregeld folle letter yn Fryslân komme en langer yn Dútslân bliuwe.
GuozzenSkylge
Guozzen boppe de polder op Skylge © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"At dy guozzen der net binne, fyn ik it ek prima, Sa earlik bin ik ek", laket deputearre De Vries. "Mar foar de guozzen dy't der wol binne, jildt dat hoe earder sy yn de foerazjeargebieten binne, hoe minder fretskea der is oan oare gebieten, sa lit de praktyk sjen."
Der komt yn de maitiid fan 2025 ek in proef om guozzen yn april en maaie te ferjeien om te sjen wat dat opsmyt. Dat is lykwols ek de tiid wêrop't der in hiel soad oare fûgels oan it briedzjen binne.

12,6 miljoen euro

Yn 2023 is der 12,6 miljoen euro oan skeafergoeding útkeard. Deputearre Steaten wolle mei it nije guozzebelied dat bedrach nei ûnderen sjen te krijen. Ek wurdt it Ryk om mear stipe frege. It giet hjir om natuerjild dat ek bedoeld is om bygelyks it Natuurnetwerk Nederland yn ús provinsje oan te lizzen. Earder hiet dat de Ekologyske Haadstruktuer.
Underwylst giet de skeafergoeding foar guon boeren wol omheech. Dan giet it om guozzen dy't op maksimaal hûndertfyftich meter ôfstân fan in guozzeopfanggebiet sitte. Dy meie net ferjage wurde en dêrom fine Deputearre Steaten dat dêr ek in hegere skeafergoeding tsjinoer stean moat.
No krije sy noch tachtich prosint fan dy skea fergoede. Dat giet omheech nei njoggentich prosint. Hjir binne earder oant de Rie fan Steat rjochtsaken oer fierd.