HEA! In Rembrandt yn 20.000 stekjes

HEA! Oan de muorre, Ketlik
Oardel jier hat se der mei dwaande west, de borduerde ferzje fan 'De Nachtwacht'. Grutsk hinget it borduerwurk no boppe de bank by Geeske en Thewis Greijdanus yn Ketlik.
Alle dagen as har man oan it melken wie, sette frou Greijdanus de stekjes. It binne der mei-inoar sa'n 20.000.
Yntusken binne se beiden 90 jier en sjogge se tevreden werom op harren libben. Thewis waard nei syn boerebestean ek noch trou-amtner en Geeske paste op de húshâlding. Se wenje tige nei it sin, midden tusken it grien en binne ek al 65 jier troud.