HEA! De oppimpte keet fan Nij Altena

HEA! Pimp dyn keet Nij Altena
'Pimp dyn keet'. Mei dy opdracht is de jongerein fan Nij Altena fûleindich oan de slach gien. Se wolle yn dizze wedstriid fan de wolwêzensorganisaasje Connexa en Seewyn wol as moaiste keet út de bus komme.
Der is in nije bar yn kaam, der is skildere en der wurdt noch fan alles ophongen. Sa meitsje de jongeren fan harren ûnderkommen in smûk plakje dêr't se jûns geregeld mei-inoar 'chillen' en in pilske drinke. Se tinke mei gemak neiste konkurrinten Tsjom en Tsjummearum ferslaan te kinnen. Op 16 febrewaris folget de útslach fan de wedstriid.