Leane mei ipen tusken Bitgum en Bitgummole wurdt wer as fanâlds

Ypenleane
Doeke de Jong op de ipeleane © Omrop Fryslân
De karakteristike beammerigen oan wjerskanten fan de dyk tusken Bitgum en Bitgummole wurde wer as fanâlds. Troch de jierren hinne binne der tusken de oarspronklike ipen oare beammen plante, mar de gemeente Waadhoeke wol dy der tuskenút helje.
De oare beammen, lykas iken, wurde fuorthelle en ferfongen troch ipen. Se wiene op de plakken fan sneuvele ipen pleatst om de oare beammen sterker te meitsjen en te beskermjen tsjin de ypsykte, mar de gemeente fynt de kultuerhistoaryske wearde fan de leane no belangriker.
De ypsykte is net in grut probleem mear, want der binne no iperassen dy't der resistint tsjin binne. Dêrom wurde de oare beammen ferpleatst binnen de gemeente.

Seldsum

De ipeleane wie eartiids ûnderdiel fan de state Grut-Terherne, krekt bûten Bitgum, dy't ein njoggentjinde iuw sloopt is.
State Grut Terherne
State Grut-Terherne © Pleatslik Belang Bitgummole
Ek al is de state der net mear, de leane wurdt âlde steat werombrocht, fertelt Doeke de Jong fan doarpsbelang Bitgummole en riedslid fan de FNP. "Wat we noch hawwe, moatte we yn stân hâlde, mar ek fersterkje."
Inisjatyfnimmer Tryntsje de Lang fan Stichting Ringsom Great Terherne is it mei de Jong iens. "It is ien fan de seldsumste foarmen fan eartiidse dykbeplanting, dy't hast net mear bestiet. It is hiel noflik dat je wer spoaren fan dy tiid trochjaan kinne."

Wynfanger

Net allinnich binne de grouwe, krollerige tûken moai om te sjen, de beammen hawwe ek in funksje. "Se binne der delset as beskerming tsjin de wyn. Om in hiel soad boerepleatsen stiene eartiids ipebeammen. In yp is tige geskikt om de sâltige, hurde wyn te trotsearjen."
Ipeleane tusken Bitgum en Bitgummole wurdt wer as fanâlds
Neist de ipeleane, wurde ek oare eleminten fan de eardere state Grut-Teherne werombrocht yn it lânskip. Sa waard earder de âlde fiver wersteld.
It gebiet tusken Bitgum en Bitgummole moat de doarpen oan inoar ferbine. Dêrfoar hawwe se grutte plannen: in doarpstún, fertelt De Jong: "We wolle der wer ús eigen iten ferbouwe, dus wer in stikje mienskip kreëarje."