Motorkappen, ferkearsbuorden en hoefizers: Fryslân stiet fol mei keunst fan opfallend materiaal

De Voorrangskoepel yn Ljouwert
De Voorrangskoepel yn Ljouwert © Mannen van Staal
Yn Drachten wurdt op it stuit wurke oan in keunstwurk fan motorkappen. Utsûnderlik materiaal? Ja, mar we hawwe yn Fryslân mear bylden dy't makke binne fan bysûnder guod. Ferkearsbuorden bygelyks, en hoefizers.
Yn totaal brûke se yn Drachten twahûndert motorkappen. Dy wurde ferwurke ta ien grutte acht fan hast njoggen meter heech.
Keunstner Marten Winters en technysk produsint Daan Soer binne de betinkers fan it keunstwurk fan motorkappen. Se ferwize der mei nei it autofrij meitsjen fan it Riedhúsplein yn Drachten. Dat is de lokaasje dêr't it byld komt te stean. De motorkappen komme fan de autosloper.
De twa helten fan it keunstwurk moatte noch op elkoar set wurde
De twa helten fan it keunstwurk moatte noch op elkoar set wurde © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ek yn Nes op It Amelân stiet in keunstwurk fan brûkte materialen. Keunstner Jaap van Meeuwen ferwurke 1.320 hoefizers ta in hynder mei dêrop in ruter. It hast fjouwer meter hege byld hat de namme 'Spaanse ruiter'.
Van Meeuwen skriuwt op syn webside oer syn wize fan wurkjen: "Het is meer assemblage, na eerst langdurig zoeken naar bruikbaar ijzer, bij boeren en schrootverwerkers en constructiebedrijven."
De 'Spaanse ruiter' op It Amelân
De 'Spaanse ruiter' op It Amelân © Wikipedia
Pur-skom is benammen bekend as isolaasjemateriaal, de Amerikaanske keunstner Mark Dion makke der lykwols in fontein mei. It giet om de fiskfontein dy't yn Starum stiet, as ûnderdiel fan de 11fountains.
De fontein bestiet út in stielen konstruksje mei dêr oerhinne in laach pur. Dy kaam net út de spuitbus, mar waard yn model brocht mei in 3D-freesmasine.
De 11fountains-fontein fan Starum
De 11fountains-fontein fan Starum © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Neon kenne we fan reklameteksten op winkels, mar je kinne der ek in keunstwurk mei meitsje. De Ljouwerter keunstner Gerlof Hamersma ferwurke neon letters yn 'Natura Naturans', in keunstwurk dat by de wettersuvering yn Harns stiet.
It bestiet út acht glêzen kubussen mei dêryn de neonletters dy't de namme fan it keunstwurk foarmje. Dy namme betsjut safolle as 'de natuer docht wat de natuer docht'.
It neonkeunstwurk yn Harns
It neonkeunstwurk yn Harns © Wikipedia
Ferkearsbuorden, ek net it earste dêr't je oan tinke as materiaal foar in keunstwurk. De Dútske keunstner Helmut Dick wol, hy ferwurke 250 foarrangsbuorden ta in grutte koepel.
Dy stiet op it Middelzeehuys yn Ljouwert, in kantoargebou dêr't Rykswettersteat en de Dienst Landelijk Gebied yn sitte. De keunstner liet him ûnder oare ynspirearje troch de dyk dêr't it gebou oan stiet, in foarrangsdyk.
De Voorrangskoepel
De Voorrangskoepel © Mannen van Staal
Sweltsjes makke fan wylgetienen, dy binne te finen yn De Rottefalle. Gjin sloopmateriaal dus, of gemyske middels, mar 'puur natuur'. Foar de wylgetienen is keazen omdat se in soad yn de omkriten foarkomme.
It keunstwurk is yn 2019 makke troch doarpsbewenners mei help fan keunstners Derk den Boer en Fokke Veurman.
keunst
Sweltsje fan wylgetienen © Grytsje Lieuwes