See-earn fergiftige by Weidum, dieder noch spoarleas: "It is skandalich"

See-earn2
De deade see-earn by Weidum © Werkgroep Zeearend Nederland
In see-earn is fergiftige by Weidum trochdat er fan in mei gif bewurke markol iten hat. Dat barde op 26 maart ferline jier, mar is no pas bekend makke yn it belang fan it ûndersyk nei de dieder.
Dat ûndersyk hat gjin dieder opsmiten. "We hienen it eins wol direkt nei bûten ta bringen wollen", seit Romke Kleefstra fan de Werkgroep Zeearend Nederland. "Wy wienen ek skokt dat dit soart dingen barre en fûgels hjir dea troch reitsje. Dat is natuerlik skandalich."
De see-earn wie berne yn Nasjonaal Park Lauwersmar yn 2020 en hie in tige avansearre stjoerder omkrigen. Dêrmei koene ûndersikers hiel krekt folgje wat der mei de fûgel barde neidat er fergiftige waard.

Fol mei gif

"Op in gegeven momint koene we sjen dat de see-earn net mear beweegde en doe binne wy der daliks op ôfgien", fertelt Kleefstra.
"We koene ek sjen dat er al moarns ophâlde mei bewegen. Hy is gewoan boppe-op dy markol dondere, sa fol mei gif siet dat bist. Mar hy wie net op slach dea, hy hat noch in pear oeren libbe. Uteinlik sakke de lichemstemperatuer en is hy stoarn."
See-earngif1
De see-earn mei de fergiftige markol © Werkgroep Zeearend Nederland
De see-earn en de markol binne analysearre by Wageningen Universiteit. Dêrút die bliken dat it al yn 1988 ferbeane bestridingsmiddel alfachloralose brûkt is. Yn beide fûgels siet itselde gif.
"Dat is wol sa'n grutte troep dat ast der mei dyn stabij delrinst en dy fynt sa'n markol, dan leit dy ek om", seit Kleefstra. "Ek as bern hjiroan sitte en it binnen krije, dan is dat gefaarlik. Dat dit soarte fan praktiken noch hieltiten yn it fjild plakfine, is echt 'verwerpelijk'."
It stiet fêst dat de markol ek net op in natuerlike wize stoarn is. Ut it seksjerapport docht bliken dat der lytse gatsjes yn de hûd fan de markol sieten. Dat betsjut dat de fûgel sketten is.
It fergiftigjen fan rôffûgels wurdt ek wol rôffûgelferfolging neamd. Ek bygelyks it fersteuren of ferneatigjen fan nêsten of it stikken meitsjen fan aaien falle dêrûnder. It is net nij yn Fryslân, ek net wat de see-earn oanbelanget. Yn 2016 is der by Wolvegea al ris in deasketten see-earn fûn.
Neffens Kleefstra wie de fergiftiging net rjochte op de see-earn. "De omkriten fan Weidum stiet net bekend as in see-earn rike regio, mar it kin op oare bisten rjochte wêze." Hy tinkt dan oan oare rôffûgels sa as mûzefalken, of sûchbisten lykas foksen of stienmurden.

Te min tafersjoch

Neffens Kleefstra wurdt der fierstente min dien tsjin rôfbiste- en rôffûgelferfolging. "Wy witte allegearre wol dat it tafersjoch hjirop fierstente lyts is. De FUMO (provinsjale omjouwingstsjinst, red.) is mar in hiel lyts klupke en dy moat de hiele provinsje dwaan. En by de plysje binne no hielendal gjin minsken mear dy't hjir mei dwaande binne."