Grypweach is oer; Cambuur hast folslein fit foar 'hiel spesjale wedstriid'

SC Cambuur, fuotbal
De seleksje fan Cambuur riedt him ta op de wedstriid tsjin Vitesse © Dijks Fotografie
Oant no ta is it de wedstriid fan it jier foar SC Cambuur. Mar trainer Henk de Jong hopet dat der nei de kwartfinale fan de KNVB Beker tsjin Vitesse mear wedstriden fan it jier komme.
Ynset fan de bekerwedstriid fan woansdei tusken Cambuur en Vitesse is in plak yn de heale finale. Mar ien kear earder yn de kluphistoarje hellen de Ljouwerters de heale finale fan it bekertoernoai. "Dat fyn ik wol moai. Dit bin wol hiel spesjale wedstriden", seit De Jong.
Mar is it ek de wedstriid fan it jier foar Cambuur? "Oant no ta wol, mar we binne noch lang net klear. Dus der komme wol mear wedstriden fan it jier."

Grypweach oer

It gelok foar De Jong is dat de grypweach dy't syn ploech freed teheistere wer oer is. Roberts Uldrikis hie it it slimst te pakken; hy kin woansdei in helte spylje. Oanfierder Daniël van Kaam waard freed siik, mar is der ek gewoan wer by.
Dat jildt net foar Augustín Anello en Sekou Sylla. Anello rekke blessearre op de training en sil net hiel lang útskeakele wêze. Sylla kaam moandei werom út Afrika, dêr't er mei syn heitelân Guinee de kwartfinale fan de Afrika Cup helle. Hy is lykwols net hielendal fit en spilet woansdei dêrom net.
De langer blessearren Gabi Caschili en Marcel Schaapman ûntbrekke ek.
Der stiet tiisdei in nij gesicht op it trainingsfjild by Cambuur
Yn ferliking mei de wedstriid fan freed tsjin Willem ll spilet Van Kaam foar Anello. Hjirtroch skoot Michael Breij fan it middenfjild nei de oanfal. Léon Bergsma rekket syn basisplak kwyt tsjin Vitesse. Fanwege de wize fan druk setten kiest De Jong derfoar om Jhondly van der Meer op te stellen.
"Het was eerlijk gezegd wel een verrassing dat ik mag starten", fertelt Van der Meer. "De trainer geeft al een tijdje aan dat hij blij met me is en dat ik het goed doe. Dat je dan in zo'n wedstrijd mag starten, is alleen maar leuk."
Yn Noarwegen fine se it wol apart dat wy him helle hawwe, dat is wol in goed teken.
Henk de Jong oer Sturla Ottesen
Vito Wormgoor en Sturla Ottesen kinne woansdei harren debút meitsje. It twatal sit op 'e bank tsjin Vitesse. Ottesen, dy't tiisdei pas foar it earst meitrainde, dus ek. De Jong is bliid mei de komst fan de Noarske ferdigener: "Hy is transferfrij en wol graach wer fuotbalje. Ik ha ferline wike in petear mei him hân en ik fernaam gelyk: dit sit goed."
Nei eigen sizzen is Ottesen fit, mar moat er noch al wedstriidritme opdwaan. De Jong sjocht it wol goedkommen mei de rjochtsback, dy't in kontrakt tekene hat foar oardel jier. "Sturla moat de striid oangean, mar dan hat er wol in goeie kâns om te spyljen. Yn Noarwegen fine se it wol apart dat wy him helle hawwe, dat is wol in goed teken."
Tsjinstanner Vitesse is de hikkesluter fan de earedivyzje. It sit yn de saneamde hoeke dêr't de klappen falle. Meardere wichtige spilers ûntbrekke tsjin Cambuur mei blessueres.
Makket dat, plus it thúsfoardiel, dat Cambuur de favoryt is? De Jong fynt fan net. "Vitesse is de favoryt. Se hawwe goeie spilers en se kinne dit brûke om in goed gefoel te krijen. Wat Edward Sturing (trainer fan Vitesse, red.) krekt dwaan giet, wit ik net. Wy geane út fan de sterkste opstelling. Wy kinne frijút fuotbalje."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Vitesse is woansdei live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It ekstra sportprogramma begjint om healweis sânen, de ôftraap is in kertier letter. Ut it Cambuur Stadion wei komt it kommentaar fan sportferslachjouwers Andor Faber en Geert van Tuinen.
Mei it oanlûken fan Anello, Wormgoor en Ottesen hat De Jong syn seleksje foar de rest fan it seizoen kompleet. Nettsjinsteande dat de nije spilers der noch mar krekt binne, jouwe se no al harren fisitekaartsje ôf. "Ik fernim dat it nivo omheech giet, no't der nije jonges by komme. It giet no om konkurrinsje. Dêr bin ik bliid mei", seit De Jong.