Foar Ottesen fielt Cambuur as de goeie stap: "Dit wie it momint om nei it bûtenlân te gean"

Sturla Ottesen, SC Cambuur
Sturla Ottesen op syn earste training © Dijks Fotografie
It giet hurd mei Sturla Ottesen. De nije Cambuurferdigener kaam moandei oan yn Ljouwert, trainde tiisdei foar it earst mei en soe woansdei fuortendaliks syn debút meitsje kinne yn de bekerwedstriid tsjin Vitesse.
"It is hjir plus tsien, mar yn Oslo is it no min tsien. It is hjir waarm", laket Ottesen as er yn in koart broekje oanrinnen komt. Der komt in soad op de 22-jierrige Noar ôf yn syn earste dagen yn Ljouwert. "It is machtich oant no ta. Ik ha in goeie yndruk fan de klup krigen en it is in moaie groep. Ik sjoch foarút nei dizze nije stap."
Sûnt 1 jannewaris fan dit jier siet Ottesen sûnder klup, nei't er syn kontrakt net ferlinge by Stabæk. Dat kaam by himsels wei en wie in bewuste kar. "Ik woe graach in nije útdaging. Ik bin 22 jier en ha 3,5 jier yn Stabæk west. Dit wie it momint om nei it bûtenlân te gean en in nije útdaging oan te gean."
Ik ha noch net safolle Nederlânsk fuotbal sjoen, want dat stjoere se net út op de Noarske telefyzje.
Sturla Ottesen
Yn desimber besocht Cambuur al in angeltsje út te smiten nei Ottesen. De klup hie de ferdigener fûn yn it eigen skoutingssysteem. Trochdat er sûnder kontrakt soe komme te sitten, wie it ek finansjeel in goeie opsje foar de Ljouwerters.
Heal jannewaris waard Ottesen op de hichte steld fan de ynteresse fan Cambuur. In soad wit er noch net fan it fuotbaljen yn Nederlân. "Ik ha noch net safolle Nederlânsk fuotbal sjoen, want dat stjoere se net út op de Noarske telefyzje."
Wat wit er yntusken wol oer syn nije wurkjouwer? "It is in klup mei in moaie histoarje. Ik hearde dat de fans geweldich binne, ien fan de bêsten fan it lân? It is in moai stadion en ek de stêd is moai, ha ik heard."
Sturla Ottesen traint tiisdei foar it earst mei by Cambuur
Ottesen sil de konkurrinsje oangean moatte mei Marco Tol en Jhondly van der Meer. Mar, as we Cambuurtrainer Henk de Jong leauwe meie, is dúdlik dat Ottesen helle is foar de basis.
Dan moatte de fans noch wol efkes geduld hawwe, jout de Noarske jeugdynternasjonal ta. "Ik ha in tiidsje gjin wedstriid spile, dus ik ha wat tiid nedich om wedstriidfit te wurden. Mar ik sil myn bêst dwaan om tsjin Vitesse myn bydrage te leverjen."
De Jong nimt Ottesen fuortendaliks op yn de wedstriidseleksje. Hy begjint tsjin de Arnhemmers op de bank, mar soe neffens de Cambuurtrainer wol in healoere ynfalle kinne.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Vitesse is woansdei live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It ekstra sportprogramma begjint om healweis sânen, de ôftraap is in kertier letter. Ut it Cambuur Stadion wei komt it kommentaar fan sportferslachjouwers Andor Faber en Geert van Tuinen.