Binne snackrobots de takomst? En spoedeaskjende help yn Fryslân geregeld ticht

Wykoersjoch fan Omrop Fryslân
Wykoersjoch fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Fisken dy't in eroatysk sintrum krije, in robot dy't snacks folslein klearmakket en protest tsjin útwreiding fan de Ljouwerter fleanbasis. Dat en mear yn ús oersjoch fan de wike.
It wykoersjoch bestiet út fiif opfallende ferhalen dy't publisearre binne op ús app en webside. Fan sport oant polityk, fan kultuer oant miljeukwestjes en alles wat fierder mar de revu passearret yn Fryslân.
Foar eltsenien dy't miskien in artikel mist hat, of gewoan nochris rêstich it ien en oar weromlêze wol.
Hjir ús seleksje fan dizze wike:
De Iselmarkust by de Mokkebank
De Iselmarkust by de Mokkebank © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Eroatysk sintrum foar fisken

It stiet der min foar mei de fiskstân yn de Iselmar. Om fisken mear romte te jaan om te paaien, wurdt dêrom natuergebiet Mokkebank by Bakhuzen de kommende jierren omtsjoend ta in ideaal plak om foar neiteam te soargjen. "Dêr is enoarm ferlet fan", seit Germ van der Burg fan It Fryske Gea.
Spoedeisende Hulp yngong Sikenhus Antonius
Spoedeaskjende help © Omrop Fryslân

Spoedeaskjende help sikehuzen geregeld twa oeren ticht

De spoedeaskjende help fan de sikehuzen fan Snits, Drachten en It Hearrenfean moat geregeld foar in koarte tiid ticht. Dat klinkt miskien nuver, mar it soe needsaaklik wêze om de kwaliteit fan de soarch te garandearjen.
Ashley de Haan
Ashley de Haan © Orange Pictures

Ashley de Haan wit wat se wol

De ûnwissens hat plakmakke foar in selsbewustwêzen. We hawwe it oer de 23-jierrige Ashley de Haan fan Drachten. Sy is de earste froulike Fryske (assistint-)skiedsrjochter yn acht jier dy't ynternasjonaal aktyf is. "Ik wit wat ik dwaan moat en hoe't it sit. As in oar dêr wat oars fan fynt, moat er dat lekker fine."
snackrobot
In prototype fan de robot fan Lokettaria © Omrop Fryslân, Frouke Pekema

Robot makket de snacks klear

De snackmuorre is wol bekend: tsjin betelling in bamiskiif of tsiissûfflee út in loketsje helje. Mar dêrby moat in minsk noch wol de snacks klearmeitsje en yn de muorre lizze. Op de hoarekabeurs yn Ljouwert geane se in stapke fierder: in robot docht de snacks yn it fet, bakt se en leit se klear op in blêd.
fleanbasis ljouwert f-35
In F-35 fan de Ljouwerter fleanbasis © Omrop Fryslân

Protest tsjin útwreiding fleanbasis

Omdat de feilichheidssituaasje yn de wrâld hieltyd minder wurdt, hat definsje nei eigen sizzen mear romte nedich foar bygelyks kazernes en oefengebieten. Ien plan is om de fleanbasis yn Ljouwert út te wreidzjen. Yn de doarpen en wenwiken om de basis hinne steane se fuort op skerp.