HEA! 102-jierrige Jouster spilet alle wiken jeu de boules

HEA! Aldste jeu-de-boulesspiler
Hy is al 102 jier âld, mar dochs stiet Sjoerd Holtrop fan De Jouwer twa kear wyks op de jeu-de-boulesbaan. De âld-boer is mei ôfstân it âldste lid fan de Jouster Boulesferiening Skarboule.
Ut de keamer fan syn fersoargingshûs wei hat Holtrop it sicht op de baan. As hy fernimt dat dêr wat te rêden is, giet er der hurd hinne mei de rollator. It spyljen giet noch knap, al moat Holtrop tusken de beurten troch wol even sitte.