Frijwilligers rêde histoaryske Skylger sleepboat

Skylger seesleepboat De Holland
De bedoeling is dat it skip ek wer op Skylge oanlizze kin © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De histoaryske Skylger seesleepboat De Holland bliuwt dochs yn 'e feart. In groep frijwilligers hat in plan makke om dat foarinoar te krijen.
It bestjoer fan de Holland kundige yn novimber noch oan dat de boat net mear farre soe, ûnder oare fanwegen in tekoart oan frijwilligers. Ferskate minsken wienen it dêr net mei iens. In groep frijwilligers en âld-bestjoerders ha de mooglikheden ûndersocht om dochs troch te farren.
Dat liket no slagge: it âlde bestjoer fan hâldt op en in nije foarsitter, Jos Zandhuis, sil in nij bestjoer gearstalle. Der komt ek in nije Rie fan Tafersjoch.

Ek wer oanlizze op Skylge

Hoefolle fearten de boat meitsje sil, is noch net wis. Der moat earst genôch jild binnenkomme om de eksploitaasje rûn te krijen.
De bedoeling is dat it skip ek wer op Skylge oanlizze kin. Nei in pear ynsidinten ôfrûne simmer waard besletten dy haven foarearst te mijen.