Cambuur kin yn KNVB Beker kassa rinkelje litte: preemje fan 130.000 euro lonket

KNVB beker
KNVB beker © Orange Pictures
It is suver in unike kâns foar SC Cambuur: de Ljouwerter fuotbalklup kin him woansdei pleatse foar de heale finale fan it nasjonale bekertoernoai. Dat soe net allinnich sportyf in moai resultaat wêze, ek finansjeel is it geunstich.
Woansdei om 18.45 oere trapet Cambuur yn it eigen stadion ôf tsjin de nûmer 18 fan de earedivyzje, Vitesse. Mei in goed fol stadion sille de Ljouwerters jeie op in plak by de bêste fjouwer fan de KNVB Beker. As dat slagget, dan soe dat allinnich oan prizejild al 130.000 euro opsmite.
Troch de prestaasjes oant no ta yn it bekertoernoai hat Cambuur al 172.500 euro oan prizejild garre. In aardige tafaller foar in klup dy't oer it foarige seizoen reade sifers skreau en jild nedich hat foar de ôfbou fan it nije stadion.

Prizejild KNVB beker

Ronde Prizejild
Earste ronde 12.500 euro
Twadde ronde 30.000 euro
Achtste finale 50.000 euro
Kwartfinale 80.000 euro
Heale finale 130.000 euro
Ferliezend finalist 200.000 euro
Winnend finalist 350.000 euro
Direkteur Ard de Graaf fan Cambuur sei earder alris dat in bekerwedstriid de klup "tonnen" opsmyt. Njonken it prizejild giet it dan om de kaartferkeap en de hoareka-omset. In wedstriid kostet dan wol wat en de klup moat in part fan de ynkomsten ôfstean oan Vitesse, mar ek dan bliuwt der in aardich bedrach oer.

Bêste prestaasje yn bekertoernoai

Neffens de bookmakers is Cambuur woansdei de favoryt tsjin Vitesse. De earedivyzjonist út Arnhem hat oant no ta in tige teloarstellend seizoen, ferkeart dêrtroch yn akute degradaasjeneed en sil dêrom mooglik yn it bekerduel enerzjy sparje wolle om it sa yn de kompetysje noch rêde te kinnen.
De bekerwedstriid tusken SC Cambuur en Vitesse is woansdei live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio. It kommentaar komt fan Andor Faber en Geert van Tuinen.
Der leit dus in seldsume kâns om de heale finale te heljen foar Cambuur. De lêste en oant no ta iennige kear dat de Ljouwerters dat berikten, wie yn it seizoen 2016/2017. Doe waard Cambuur nei strafskoppen útskeakele troch AZ (0-0 nei 120 minuten fuotbal, 3-2 yn de strafskopperige). Martijn Barto, no assisint-trainer, miste de beslissende penalty.
Foar de Ljouwerters wie de kwartfinale trije kear it einstasjon: yn 2017/2018 tsjin FC Twente (1-3), yn 2014/2015 tsjin PEC Zwolle (2-3 nei ferlinging) en yn 1995/1996 (0-1 tsjin Sparta).