Dizze snackrobot kin de personielskrapte yn de hoareka tsjingean

In prototype fan de robot fan lokettaria
In prototype fan de robot fan Lokettaria © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Op de hoarekabeurs yn it WTC Expo yn Ljouwert binne folop ynnovaasjes te sjen om te foarsjen yn it tekoart oan hannen yn restaurants, kafees en hotels. Ien fan de nijste útfiningen is de ûnbemanne snackwein: de Lokettaria.
Hoarekaûndernimmers hawwe al jierren muoite mei it finen fan personiel. Dêrom stean op grutte hoareka-eveneminten lykas dizze hieltyd mear apparaten dêr't hielendal gjin minsken mear oan te pas komme.
Robot bakt patat
De Lokettaria is in robot dy't sûnder tuskenkomst fan minsken snacks bakke en útservearje kin. Troch it wurkjen mei keunstmjittige yntelliginsje kin de Lokettaria sels ynskatte hoefolle snacks oft der noch binne.
Alles giet folslein automatisearre, mei robots dus. Dy hellet patat of oare snacks út in bak, docht it yn it frituerfet en bakt op in ynstelde temperatuer de snack oant dy klear is.
Dêrnei wurdt de bestelling byinoar garre en op in blêd set. "Het gaat om een patatkraam waar geen medewerkers meer in staan", fertelt betinker Jouke Wijdoogen. De útfining soe in produksje fan 450 produkten de oere oan kinne.
De robot fan de Lokettaria
De snackrobot © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
"We weten dat er op 'hightraffic-locaties' veel eten nodig is. Je kunt continu blijven produceren. Je kunt hierdoor ook langere openingstijden hanteren", seit Wijdoogen.
It apparaat soe ek suniger wêze, om't in kompjûter hiel krekt berekkenet hoefolle oalje oft der nedich is.
In kok op de hoarekabeurs
In kok op de hoarekabeurs © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Organisator fan de Horeca EvenTT vakbeurs Jan Vlap is wiis mei ynnovaasjes dy't helpe kinne tsjin de personielskrapte. "Ik denk niet dat dit iets is voor de grote, duurdere restaurants, maar wel als je het hebt over fastfood. We hebben handen nodig."
Dochs sil it kontakt mei gasten yn in restaurant altyd wichtich bliuwe. "Het vriendelijke woord staat voorop in de horeca. Dat blijft het toverwoord."
Jan Vlap, de organisator fan de beurs
Jan Vlap, de organisator fan de beurs © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
De organisator is wiis mei it sukses dat de beurs hat yn Ljouwert. "Voor de derde keer hier en voor het eerst met twee gevulde hallen met 500 stands. 15.000 vierkante meter, daar zijn we heel trots op."
It is de 16e edysje fan de hoarekabeurs. Foar Ljouwert wie Assen dêrfan de gaststêd. Yn trije dagen komme tûzenen hoareka-ûndernimmers en oare ynteressearren nei it WTC Expo om har byprate te litten oer de nijste trends yn har sektor.
Een kok bezig mei iten klear meitsje
In kok oan it wurk © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Fan en nei it WTC Expo gean spesjale pindelbussen om besikers fan de beurs fan it stasjon yn Ljouwert nei de hal te bringen. Doel is dat ûndernimmers út Noard- en East-Nederlân inoar moetsje op de beurs. Sûnt de lêste tiid lûkt dat net allinnich ûndernimmers út ús eigen lân mar ek út Dútslân en België.
De robotpatatbakker is net de iennichste robot op de beurs. Der ride ek weintsjes om dy't drankjes servearje kinne of just meihelpe om buorden op te romjen. Mei wat help fan de ober, dat wol. Dochs sizze se ek dêr: de gast yn in restaurant bliuwt ferlet hâlden fan in praatsje.
"Er zijn ook heel veel locaties te bedenken waar je niet gaat eten voor het klantcontact. Neem nou een attractiepark, daar wil je niet heel lang wachten op je eten," seit de útfiner fan de Lokettaria.
Ein dit jier moat der in draaiende snackwein wêze dy't folslein troch robots betsjinne wurdt.