Sliepe alle toeristen yn de takomst yn hûzen fan himp?

Gerrit Hiemstra
Gerrit Hiemstra © Omrop Fryslân
Op watfoar manier sliepe ús toeristen yn de takomst yn Fryslân? It projekt 'Sliepe yn de Takomst' is mei dy fraach oan de gong om de sektor te ferduorsumjen.
"Wy hoopje dat oer tsien jier oeral biobased toeristeferbliuwen yn Fryslân binne", seit Gerrit Hiemstra, wylst hy de laptop klearset yn in grutte seal fan it Biosintrum yn Easterwâlde.
De âld-waarman is projektlieder fan Sliepe yn de Takomst. "Sa kinne wy in hiele grutte bydrage leverje oan it beheinen fan klimaatferoaring."
Wat is biobased bouwe?
Biobased bouwe betsjut hûzen fan natuerlike materialen bouwe. Tink dêrby oan himp, flaaks, reid of hout. Eartiids barde dat mear, mar nei de yntroduksje fan de bakstien feroare de wentebou. Der wurdt mear gebrûk makke fan fossile materialen, mar dy reitsje úteinlik in kear op. Tink dêrby oan sân en mergel.

De lêste jierren wurdt wer sjoen nei oare manieren fan bouwen, lykas mei hout, himp of flaaks. Dat binne materialen dy't werom groeie kinne.

De Nederlânske oerheid joech earder de ambysje oan dat yn 2030 sa'n 30 prosint fan de nijbouwenten út biobased materiaal bestean moat.
Sa'n 50 belutsenen komme op de presintaasje fan Hiemstra yn Easterwâlde ôf. Sliepe yn de Takomst hat sân oannimmers, sân arsjitekten en sân ûndernimmers yn de rekreaasjesektor mei-inoar yn kontakt brocht.
De ôfrûne tiid ha dy oan de gong west mei it takomstperspektyf fan biobased bouwe yn de toerismesektor. "Der is in protte belangstelling foar", seit Hiemstra. "Sawol fan ûndernimmers as fan toeristen sels."

Fraach is grut

"Der komt hieltyd mear fraach nei in duorsum hûs as akkommodaasje. Boubedriuwen ha in protte belangstelling yn it bouwen nei biobased, mar sy ha de kunde noch net. Sy kinne fansels wol bouwe, mar mei dizze materialen is wat oars as mei bakstien."
"Biobased materiaal freget spesifike oandacht en elk materiaal is wer oars. Dat hat ek wer oare útdagings. Hoe hâlde je hout bygelyks bestindich tsjin fjoer en moatte je no in hiel soad beammen kappe om oan de fraach te foldwaan?"
De seal fol belutsenen
De seal siet fol mei belangstellenden © Omrop Fryslân
Circulair Fryslân en de Toerisme Alliantie Fryslân (TAF) binne dwaande om in soarte fan blaudruk fan biobased bouwen te meitsjen. Dat de lânbou wit wat sy ferbouwe moatte en dat boubedriuwen witte hoe't je bouwe moatte. Undernimmers kinne dan op in rekreaasjepark in pear biobased hûzen delsette, dy't folslein enerzjyneutraal binne.
"Daar is echt vraag naar", seit Gerard Kremer fan de TAF. "Bijvoorbeeld laatst toen ik zelf op vakantie was op Terschelling. Je zag dat daar Randstedelingen kwamen die verbaasd keken dat wij ons afval op een andere manier scheiden. Dat zijn kleine dingen die wij mee moeten nemen om onze sector te verduurzamen."
De sân teams dy't foarme binne, ûndersykje alle opsjes dy't mooglik binne foar it biobased bouwen fan fakânsjehûzen. Ynkoarten wurdt sjoen oft der in blaudruk makke wurde kin.