Fryske fergêsters wat provinsje oanbelanget fan it slot

De silo's fan de fergêsters op it hiem fan Jan Dirk Ubbels fan Jelsum
De silo's fan de fergêsters op it hiem fan Jan Dirk Ubbels fan Jelsum © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Alle acht Fryske kofergêsters kinne foarearst wer folslein yn gebrûk naam wurde. Dat hat de provinsje Fryslân tiisdei bekend makke.
De bedriuwen wiene yn novimber op slot set om't der by kontrôle amfetaminen oantroffen wiene yn de silo's.
Dêrtroch mocht it digestaat, de dongstof dy't oerbliuwt nei de fergêsting fan dong, net mear útriden wurde oer it lân. It waard beskôge as ôffalstof.
It ôffiere litte as ôffalstof, wie fierstente djoer. Boeren mei in kofergêster moasten it dêrom opslaan, mar oan dy opslach siet fansels in fysike limyt. De driging wie dan ek dat de bedriuwen de fergêsters stillizze moasten.
Yn in kofergêster wurdt dong ferminge mei biologysk ôffal, lykas blombollen of gers. It fergêstingsproses smyt grien gas op, mar der bliuwt ek saneamd digestaat oer. Dat kin brûkt wurde as dongstof op it lân.
By in earste kontrôle yn juny waarden yn 23 kofergêsters yn Fryslân, Grinslân en Drinte amfetaminen oantroffen yn it digestaat. By in twadde kontrôle yn oktober gie it om 21 bedriuwen.
De provinsje seit no dat 'er op grond van de Omgevingswet voor hen op dit moment geen juridische basis is om handhavend op te treden."
De provinsje stelt ûndersyk net dúdlik is wêr't de amfetaminen weikomme. Dat betsjut dat it digestaat wer sjoen wurdt as dongstof en net mear as ôffalstof. Dêrmei binne de problemen foar de kofergêsters foarearst fan de baan.
"It liket derop dat de amfetamine mooglik ekstern yn de fergêster terjochte kaam is", seit deputearre Matthijs de Vries.
"Mar it kin ek in natuerlik proses yn de fergêster wêze. Beide kinne we net fêststelle. Dêrom sizze wy: it wurdt in dongstof en dan falt it ûnder de dongstoffewetjouwing en dat is ûnder it foech fan it ministearje."
It ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit en de NVWA hawwe tasein fluch mei in reaksje te kommen.
Sa sjocht it der yn in fergêster út
Sa sjocht it der yn in fergêster út © Omrop Fryslân, Alle Faber
Direkteur Robert Govaers fan de belange-organisaasje Groen Gas seit yn in taljochting dat hy graach sjocht dat der wat opstutsen wurdt fan de ûnderfinings fan ôfrûne moannen.
"Iedereen werd door deze situatie overvallen. Ik denk dat het belangrijk is dat je van tevoren ook moet bedenken wat je gaat doen als die stof wordt aangetroffen wanneer je een dergelijk onderzoek uitvoert. Dat is hier niet gebeurd, waardoor alle getroffen bedrijven halsoverkop dicht moesten. Dat kan anders."
By de kontrôle fan ferline jier waarden ek amfetaminen oantroffen yn kofergêsters yn Drinte en Grinslân. Dy waarden doetiids ek op slot set, en meie no wer iepen.