Liveblog | 6 febrewaris

112-nijs 6 febrewaris: Brân yn soarchsintrum Dokkum gau ûnder kontrôle

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 6 febrewaris, 19:53
19:53

Gjin koade giel mear foar Fryslân

It KNM hat foar fan 'e jûn de koade giel foar Fryslân fanwege swiere wynstjitten ynlutsen. De warskôging jildt noch wol foar it Iselmargebiet.
19:12

Brân yn soarchsintrum Dokkum

De brânwacht by soarchsintrum Dongeraheem yn Dokkum
De brânwacht by soarchsintrum Dongeraheem yn Dokkum © ProNews Producties
Yn soarchsintrum Dongeraheem yn Dokkum hat oan it begjin fan de jûn brân west yn in keamer fan it gebou. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle en der rekke net ien ferwûne.
Ut foarsoarch waard in part fan it kompleks koarte tiid ûntromme. De brânwacht hat dêr yntusken fentilearre.
16:01

Auto's skansearre by botsing yn Ljouwert

Beide auto's rekken skansearre
Beide auto's rekken skansearre © AS Media
Twa auto's binne tiisdeitemiddei mei elkoar yn botsing kaam op de Uranusweg yn Ljouwert.
Fan de ynsitters hoegde der neffens in korrespondint nimmen nei it sikehûs. Wol rekken beide auto's swier skansearre, dy binne fuortsleept.
De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.
13:45

Man moat mear as in ton oan Steat betelje nei skuorre fol himp

In 31-jierrige man dy't ferline jier oantroffen waard yn in skuorre fol himp yn Aldhoarne moat fan de plysjerjochter 128.900 euro oan ynkomsten út kriminele aktiviteiten oan de Steat betelje.
De man soe op dit momint yn Spanje sitte en is by ôfwêzichheid feroardiele. Njonken it jildbedrach moat de man in wurkstraf fan 180 oeren útfiere. Ek hat er in finzenisstraf fan twa moannen ûnder betingst krigen.
Yn de plantaazje yn Aldhoarne wienen yn totaal 1236 himpplanten. De stroom dy't dêrfoar brûkt waard, is yllegaal ôftape. Neffens netbehearder Liander is der foar 85.000 euro oan stroom stellen.
De offisier fan justysje easke seis moannen sel, mar de rjochtbank hantearre oare rjochtlinen en dêrtroch foel de straf leger út.
11:03

Drugshanneler op strjitte betrape yn Ljouwert

De plysje hat in man oanholden dy't yn Ljouwert yn harddrugs hannele. Op de Troelstrawei die de plysje as woenen se drugs fan him keapje, wêrnei't de man betrape waard. De plysje fûn kokaïne by de man.
As de man opnij betrape wurdt, moat er in boete fan 5.000 euro betelje.
06:22

Jûn koade giel

Hurde wyn jasses
Koade giel jildt fan 20.00 oere ôf © CAMJO Media
It is noch drûch, mar letter op de dei komt der rein, mei fannacht pittige buien en flinke wynstjitten. It KNMI jout dêrom foar Fryslân koade giel ôf, dy giet om 20.00 oere yn.
De wynstjitten komme út it westen oant súdwesten en kinne oan lân in snelheid berikke oant 75 kilometer yn 'e oere. Op 'e Iselmar sa'n 90 kilometer yn 'e oere.
Yn de nacht draait de wyn mear nei it noardwesten ta en nimt dan ek ôf.