Noarske jeugdynternasjonal moat ferdigenjende problemen fan Cambuur oplosse

Sturla Ottesen, SC Cambuur
Sturla Ottesen © Dijks Fotografie
SC Cambuur hat in nije rjochterferdigener oanlutsen. De 22-jierrige Sturla Ottesen tekenet yn Ljouwert in kontrakt foar de kommende oardel jier.
De transfermerk is sûnt freed sluten en dus kinne der gjin spilers mear kocht of ferkocht wurde, mar trochdat Ottesen sûnder klup siet, kin Cambuur him dochs oanlûke. It kontrakt fan de Noar by syn foarige klup Stabæk rûn op 1 jannewaris fan dit jier ôf.
De Ljouwerters binne al in skoft op syk nei in nije rjochterferdigener, om't Gabi Caschili ein novimber in swiere knibbelblessuere oprûn yn de wedstriid tsjin VVV-Venlo. Sûnt dy tiid follet Marco Tol de rjochtsbackposysje yn, mar eins is Tol in sintrale ferdigener.

Mooglik woansdei al by seleksje

Ottesen begûn syn fuotbalkarriêre by Kjelsås, dat op it tredde nivo fan Noarwegen spilet. Nei in koart útstapke nei Lyn, makke Ottesen yn 2020 de oerstap nei Stabæk. Dêr spile er ien jier op it heechste nivo yn Noarwegen, allinnich degradearre de klup yn dat seizoen.
It jier dêrnei promovearre Stabæk fuortendaliks wer. Yn de tuskentiid waard Ottesen ek jeugdynternasjonal fan Noarwegen. Hy spile ynterlâns foar Noarwegen ûnder de 18, 19 en 20.
De kâns is grut dat Ottesen woansdei, as Cambuur yn de kwartfinale fan de KNVB beker tsjin Vitesse spilet, al by de wedstriidseleksje sit.