Verbeek fynt dat Hearrenfean Van Wonderen bongelje lit: "Zo laat je weten dat je twijfels hebt"

Sportcast
Sportcast mei Gertjan Verbeek © Omrop Fryslân
It is in teken fan swakte dat Kees van Wonderen noch net wit oft sc Hearrenfean syn ôfrinnende kontrakt ferlinge wol. Dat fynt âld-trainer Gertjan Verbeek.
Nei dit seizoen rint it kontrakt fan Van Wonderen by Hearrenfean ôf. Direkteur Ferry de Haan en Van Wonderen soene yn de winterstop mei-inoar om tafel om oer de takomst te praten. Beide partijen lieten koartlyn witte dat dat net bard is, om't it te drok wie. No is dat oerlis dizze of folgjende moanne.

'Stabiliteit ûntbrekt'

Neffens Verbeek tsjûget dat net fan stabiliteit. Dat sjocht hy werom by it earste alvetal. "Het is helder dat dit niet een homogeen elftal is met stabiliteit. Het mist leidinggevende kwaliteiten. Dus alles moet van de trainer komen."
En dat de trainer dan net wit wêr't er oan ta is, fynt Verbeek net handich. "Dat is ook geen stabiliteit, als ze eerst zeggen dat ze in de winterstop gaan praten. Het is belangrijk dat je je uitspreekt. En dat je met één mond spreekt. Zo laat je ook als directie weten dat je er nog niet uit bent en dat je twijfels hebt. Dat werkt ook door in de spelersgroep."
Lykas sc Hearrenfean ôfrûne wykein lykspile tsjin Fortuna Sittard, pakte SC Cambuur in puntsje tsjin Willem ll. Noch wichtiger: it grutste part fan de spilers dy't freed siik wiene, keart woansdei werom. Dan spilet Cambuur yn de kwartfinale fan de KNVB beker tsjin Vitesse. "Hast eltsenien is wer fit", seit sportferslachjouwer Andor Faber.
"Spits Roberts Uldrikis hat wat langer siik west, mar kin warskynlik wol wer op de bank begjinne. En oanfierder Daniël van Kaam is werom", wit Faber. "Dus Cambuur giet op reedlike sterkte nei Vitesse-thús ta."
Mar wa is de favoryt? Cambuur as nûmer acht fan de earste divyzje of Vitesse as hikkesluter fan de earedivyzje? Sportferslachjouwer Roelof de Vries: "As ik ien kieze moat, fyn ik Cambuur de favoryt."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.