De camping hâlde of in grutte pûde jild? It dilemma fan Fryske campingeigeners

Johannes de Vlugt fan camping 't Séleantsje yn Molkwar
Johannes de Vlugt fan camping 't Séleantsje yn Molkwar © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It opkeapjen fan campings troch grutte kommersjele partijen bart oan ien tried troch. Mar net elke campingeigener lit him ferliede ta it grutte jild. Wêrom net?
It kampearseizoen set oer in fiif wiken útein, mar rêstich ha de campingeigeners it net. Ynvestearringen, ûnderhâld en nije boekingen, der stiet dizze dagen genôch yn de aginda.
Mar ek telefoantsjes fan ynvestearders komme geregeld foar. "Dizze wike ha wy noch in oanbod út Harderwijk krigen", fertelt Johannes de Vlugt fan camping 't Séleantsje yn Molkwar. It bedriuw sit al 60 jier yn syn famylje.

Enoarme pûde mei jild

"As ik it ferkeapje wol, kinne we der in enoarm grut bedrach foar krije. Dan hoege wy nea wer te wurkjen. Dan is it de fraach oft wy meigean mei de trend, of de camping hâlde."
Dochs giet De Vlugt net yn op de foarstellen. "Wy wurkje ús hiele libben al earne nei ta, dat ferkeapje je net sa. Guon gasten komme hjir al 40 jier. Eltsenien is hjir sa gelokkich."
soal
Trije jier lyn waard der sels in protestmars holden troch minsken fan camping It Soal yn Warkum, dy't harren fêste plakken kwytrekken © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ben Beintema fan Camping Hindeloopen hat hûnderten fêste en kampearplakken op syn camping en wol dêr krekt as De Vlugt net fan ôf. "Wij zijn een echt familiebedrijf. De binding met onze gasten is te groot."

Iselmarkust

Dochs binne der ek campings dy't oars kieze. Nei't jierplakken foar sjaletten yn Warkum, yn Hylpen en op De Lemmer ferdwûn binne, hat no ek camping De Holle Poarte yn Makkum plannen. Oer in pear jier ferdwine 50 fan de 580 plakken.
Klik yn ûndersteande kaart op in stip foar mear ynformaasje oer de campings dêr't plakken ferdwine. Sjochst de kaart net goed, klik dan hjir.
De gasten yn Makkum binne fernuvere oer de kar om de jierplakken te feroarjen yn kampearplakken.
"We willen meer gezinnen een plek geven", leit parkmanager Cecille de Winter út. "Gezien de gestegen en veranderende vraag, willen we het toeristisch kamperen op onze camping graag anders indelen en in omvang uitbreiden."
De Vlugt begrypt it wol dat campings soks beslute. "Dat is saaklik en sy ha nei alle gedachten in minder goede bân mei de gasten."
We meitsje Fryslân hjirmei wol stikken.
Johannes de Vlugt fan camping 't Séleantsje
Ut ûndersyk docht bliken dat it ôfnimmen fan it oantal jierplakken de lêste jierren flugger giet en dat de ein hjirfan noch net yn sicht is. Stefan Hartman fan hegeskoalle NHL Stenden hat dêr yn opdracht fan it ministearje yn 2022 ûndersyk nei dien.
Yn Fryslân binne foaral yn 2021 in soad campings opkocht, mar dêrnei is it stabyl bleaun. Hartman: "Ik denk dat dit komt door de weerstand die het opkopen van een camping en het verdwijnen van vaste plaatsen oproept. Dit schrikt investeerders af."

Yn Fryslân is opkeapje maklik

De ferwachting is wol dat der yn de takomst noch mear campings opkocht wurde. Neffens Hartman is dat net dreech yn Fryslân, omdat hjir in hiel soad mooglik is sûnder dêr fergunningen foar oanfreegje te moatten. Fan in camping in sjaletpark meitsje is maklik sûnder dat de gemeente dêr foech oer hat. As it net regulearre is, dan kin alles.
De Vlugt sjocht skodholjend nei de situaasje. "Guon campings ferfange tsien kampearplakken troch ien sjalet. Moatst neigean wat wy dan yn de omjouwing misse oan ynkomsten yn hoareka en oan toeristebelesting. We meitsje Fryslân hjirmei wol stikken."