Twa jier selstraf foar fertochte fan ûntploft drugslab De Haule

anp
De helptsjinsten by it ûntplofte drugslab yn De Haule © ANP
De rjochtbank hat de man dy't fertocht wurdt drugsproduksje yn De Haule feroardiele ta trije jier sel, wêrfan ien jier ûnder betingst. Neffens de rjochtbank hat de 22-jierrige Eindhovener him skuldich makke oan grutskalige produksje fan amfetamine yn it lab.
Dat lab oan de Polderwei yn De Haule ûntplofte op 31 maaie 2022, doe't in tsjettel mei gefaarlike stoffen eksplodearde. In 53-jierrige man út Eindhoven kaam dêrby om it libben, syn kompaan út deselde stêd oerlibbe it mar krekt.
De Eindhovener hat noch hieltyd lêst fan brânwûnen en moat noch ferskate kearen operearre wurde. Dêr hâldt de rjochtbank rekken mei, krekt as mei it feit dat syn freon omkaam is by de ûntploffing.
De straf falt dêrom in jier leger út as de eask fan justysje. Dy frege twa wiken lyn om fjouwer jier selstraf, wêrfan achttjin moannen ûnder betingst.
De verdachte heeft dergelijke risico's genomen in een omgeving waar dagelijks kinderen spelen.
Rjochter Willem Sikkema
De rjochtbank stelt dat de man al langere tiid mei de produksje fan syntetyske drugs dwaande wie. "Hij had een actieve rol", seit rjochter Willem Sikkema. Boppedat soarget in drugslab foar grutte maatskiplike problemen. "Er worden gevaarlijke stoffen in het milieu gedumpt en het gaat gepaard met zware criminaliteit."
Fierder wiisde Sikkema op de grutte gefaren fan in drugslab. "Er kan brand of een ontploffing ontstaan en er kunnen giftige stoffen vrijkomen. De verdachte heeft dergelijke risico's genomen in een omgeving waar dagelijks kinderen spelen. Dat rekent de rechtbank hem zwaar aan."
In kamera fan in njonkenlizzende stâl makke bylden fan de ûntploffing
De plysje fûn yn de skuorre oan de Polderwei tsientallen jerrycans fol mei gemikaliën en syntetyske drugs. Ek waarden apparaten oantroffen om de drugs te meitsjen. "Maar ik heb dat niet gedaan", sei de fertochte op de sitting.
De rjochtbank leit dat neist har del en feroardiele de Eindhovenaar. Dy hat twa wiken de tiid om yn heger berop te gean.