Soarchmeiwurkers mei long covid fergees behannele yn tank: "Stonden aan frontlinie"

Hyperbare terapy
Hyperbare terapy © Omrop Fryslân
Mei syn tsienen yn in tank op in parkearterrein fan it Antonius sikehûs yn Snits. Longcovidpasjinten dogge it graach, yn 'e hoop fan har klachten ôf te kommen. Foar meiwurkers fan Antonius is it sels fergees.
It Antonius is ien fan trije sikehuzen yn Nederlân dy't hyperbare soerstofterapy jouwe.
"In de hyperbare tank stellen we de druk zo in als op 14 meter diepte onder water", seit René Groot, bestjoersfoarsitter fan Antonius Hypercare. De pasjinten krije tagelyk 100 prosint soerstof tatsjinne fia in masker.
Troch de druk kin it bloed 12,5 kear mear soerstof transportearje nei de organen. De terapy waard al jûn om wûnen better genêze te kinnen, of om bestrielingsskea te ferminderjen. No sitte der hieltyd faker longcovidpasjinten yn de tank.

Effektyf

"Daarvoor helpt het ook enorm goed. We hebben nu 41 patiënten met long covid behandeld. Bij twee derde daarvan is een goed resultaat geboekt. Daarmee bedoel ik: die zijn weer geheel of gedeeltelijk aan het werk", seit Groot.
Longcovidmeiwurkers fan Antonius krije fergees terapy
Wol heakket er ta dat net eltsenien der baat by hat. "Bij tien procent heeft het totaal niet geholpen, dus het is niet alleen maar rozengeur en maneschijn."

8.500 euro

Antonius betellet no foar eltse wurknimmer dy't dat wol de behanneling fan 8.500 euro. Omdat der noch mar ien serieus ûndersyk nei de terapy dien is, fergoedet de syktekostefersekering de kosten net.
"Deze mensen hebben in de frontlinie gestaan tijdens de coronacrisis, die hebben zich het leplazarus gewerkt en kregen alleen een applaus. Wij vinden dat ze meer verdienen, dus bieden daarom dit aan."
Mariëlle Offenberg
Mariëlle Offenberg © Omrop Fryslân
Foar pasjint en ferpleechkundige Mariëlle Offenberg hiel moai, sa sei se fuortendaliks nei in behanneling.
"Je komt heel vaak bij alternatieve therapieën terecht, dat kost ook handenvol geld. Maar bijvoorbeeld voedingssupplementen ga je eerder proberen omdat het goedkoper is, dan dat je zo'n dure behandeling als dit doet. Dus ik ben heel erg blij dat ik deze kans heb gekregen."

Werom nei âlde libben is dreech

Se moat as ien fan de pasjinten fjirtich kear twa oeren lang yn de tank sitte. Dat betsjut twa moannen lang alle wurkdagen twa oeren. Mar no al, nei de helte fan de behannelingen fernimt se ferskil.
"Ik merk dat mijn concentratievermogen beter wordt. Ik kan in de tank langer een boek lezen. Al na tien behandelingen waren fysieke klachten als spierpijn minder."
De tank dêr't de terapy yn jûn wurdt
De tank dêr't de terapy yn jûn wurdt © Omrop Fryslân
Dochs is se noch lang net de âlde. "Ik maak een agenda en moet altijd dingen wegstrepen. Bij zo'n sessie gaat al mijn energie hierin. Ik rijd nauwelijks auto, want door al die prikkels ben ik na een kwartier een gevaar op de weg."
It alderleafst soe Offenberg wer oan it wurk wolle as ferpleechkundige. "Maar intussen ben ik ook wel reëel dat dat misschien niet meer gaat lukken. Misschien kan ik in een verzorgingstehuis aan het werk, daar gaat alles iets rustiger. Als ik dat zou kunnen doen, zou ik ook al heel blij zijn. Je wilt gewoon graag weer meedoen in de maatschappij."