1 op de 10 Friezen hat lêst fan earsûzjen: "Er is geen uitknop"

ear
In folsleine oplossing foar tinnitus is der net © Omrop Fryslân, Mats Gies
In konstante piip yn it ear, of sels it lûd fan in dweilorkest. Sa'n tsien persint fan de Friezen hat lêst fan earsûzjen, ek wol tinnitus neamd. Hieltyd mear minsken ha derfan te lijen, benammen jongerein.
Der is noch in soad ûndúdlik oer tinnitus, fertelt audiolooch Samuel Hoekman. Hy wurket by it Audiologisch Centrum Friesland yn Ljouwert. "Het is een geluid dat er niet echt is, maar dat je wel hoort. We noemen het ook wel fantoomgeluid."
Dat konstante lûd yn 'e holle is der by guon minsken yn in lichte foarm. Sy kinne der, mei wat help, yn de measte gefallen goed mei omgean. Mar Hoekman krijt ek minsken oer de flier dy't der bot lêst fan hawwe.

"Negatieve spiraal"

"Het kan heel storend zijn", neffens de audiolooch. "Mensen zijn sneller afgeleid, kunnen gesprekken minder goed verstaan en zijn bijvoorbeeld heel moe aan het einde van de werkdag. Ze raken in een negatieve spiraal en krijgen negatieve gedachten."
audiolooch, ear, tinnitus
Audiolooch Hoekman yn ien fan de ûndersykskeamers © Omrop Fryslân, Mats Gies
Foar Douwina Woudwijk (24) fan Burgum is tinnitus al fjouwer jier realiteit. By har is it nei alle gedachten ûntstien troch stress, samar ynienen.

"It bleau"

"Ik tocht dat it de waskmasine wie", fertelt Douwina. "Ik siet te sykjen wêr't it lûd weikaam, mar ik koe neat fine. Ik tocht dat it fuortgean soe, mar it bleau. Nei in wike tocht ik: der is wat mis. Dan rekkest echt yn panyk."
Foar de Burgumse fielt it as stiet der in hiel orkest yn har ear te spyljen. Op it wurk, dêr't wol wat leven is, hat se der gjin lêst fan. Mar as se thús is, fernimt se it fuortendaliks wer. "Ik kin it my ek net mear foarstelle om stil te sliepen. Ik ha altyd in fentilator oan nachts."
Yntusken giet it in stik better mei Douwina. "Dat is ek echt wat ik minsken meijaan wol. Nei in skoft wurdt it better en kinst der better mei omgean."
tinnitus, ear
It is in probleem dat in protte foarkomt © Omrop Fryslân, Mats Gies
It earsûzjen kin meardere oarsaken ha. Yn guon gefallen ûntstiet it trochdat minsken te lang bleatsteld binne oan hurd lûd of muzyk. Ek it gebrûk fan koptelefoans of eardopkes kin in mooglike oarsaak wêze.
In folsleine oplossing foar tinnitus is der net. De help fan spesjalisten kin derfoar soargje dat minsken goed mei it earsûzjen omgean kinne. "Maar we hebben geen uitknop", neffens audiolooch Hoekman.
As minsken by it sintrum komme, wurdt harren earst wiidweidich frege nei de klachten. Dêrnei folget yn de measte gefallen in gehoartest yn in spesjale ûndersykskeamer; in akoestysk isolearre romte.
Tinnitus zie je niet.
Audiolooch Samuel Hoekman hopet dat minsken har omjouwing meinimme yn har problemen
"We zoeken uit of er sprake is van een gehoorprobleem. Oorsuizen vallen vaak niet te repareren, maar wel te verbeteren. Soms met een soort van hoortoestel. In de helft van de gevallen heeft dat een positieve invloed op tinnitus."

Permaninte oplossing?

Wat der nedich is om tichter by in permaninte oplossing te kommen? "Onderzoek naar de hersenen. Wat gebeurt daar nu precies? Er moet meer wetenschappelijk onderzoek worden verricht."
Ek is it neffens Hoekman wichtich om de omjouwing mei te nimmen. "Een gebroken arm zie je, die zit in een mitella. Dat is met tinnitus niet zo en mensen zijn ook niet zo geneigd om er snel mee naar buiten te treden."