Lyts trekkerprotest by Provinsjehûs yn Ljouwert: "Faker nee tsjin Brussel of Den Haag"

Protestboerd foar it provinsjehus
Protestboerd fan 'trekkerboeren' foar it Provinsjehûs © Omrop Fryslân
Foar it Provinsjehûs yn Ljouwert wie moandeitemiddei in aksje fan inkelde tsientallen 'ferûntrêste boeren en boargers'. Sy kamen mei trije trekkers en ek mei lúkse auto's nei it Provinsjehûs om steateleden en it provinsjaal bestjoer in pamflet oan te bieden.
Yn it pamflet, dat ek wol bekend stiet as 'de rode lijn', easkje de boeren ûnder oare it weromdraaien fan de Europeeske Green Deal, it stopsetten fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG), it skrassen fan de bufferstroken en behâld fan de derogaasje.
Nei it oerlangjen fan it pamflet oan direkteur Jelmer Algra fan de provinsje gie in delegaasje fan de boeren yn petear mei lânboudeputearre Femke Wiersma. Sy hearde de boeren oan, mar koe gjin konkrete tasizzingen dwaan.
Trekkeraksje by it Provinsjehûs yn Ljouwert
"Ik begryp de soargen fan de boeren, mar it leit net yn myn berik om de Green Deal fan tafel te feien", sei Wiersma nei ôfrin. "Mar as guon regelingen net wurkber binne, dan kinne wy dat wol oanjaan yn Den Haag. Wy kinne wol lobbye foar de boeren, en dat dogge we ek."
Wurdfierder Bonne Ate Duursma fan de trekkergroep sei dat er wol wat teloarsteld is yn wat de BBB foar de boeren berikt yn it provinsjaal bestjoer. "Se soene wat faker nee sizze moatte tsjin maatregels dy't Brussel of Den Haag opleit. As Fryslân nee seit en Grinslân en Drinte dogge dat ek, dan kin der wier wol wat feroarje yn it lânboubelied."
Trekker foar de yngong fan it Provinsjehûs yn Ljouwert
Trekker foar de yngong fan it Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De BBB-steatefraksje begrypt de frustraasje by de boeren, mar fynt it wol spitich dat guon boeren it betrouwen yn de partij oan it ferliezen binne.
"Je kinne net yn in jier tiid it hiele lânboubelied oanpasse", seit boerinne en BBB-steatelid Dieuwke Bakker. "It measte wat de boeren feroarje wolle, leit yn Den Haag en Brussel en net by de provinsje."
"Het aanpassen van het landbouwbeleid gaat stap voor stap", seit steatelid en partijgenoat Natalie Nauta. "De BBB heeft geen toverstaf."
Nei it petear fan in lytse delegaasje boeren mei Wiersma giene de aksjefierders wer op hûs oan. De demonstraasje waard yn 'e gaten holden troch de plysje en in stikmannich BOA's, mar dy hoegden net yn te gripen.