Minne sûnens boargerynfiltrant soarget foar twivel by advokaten yn Vidar-saak

It gerjochtshôfgebou yn Ljouwert
It gerjochtshôfgebou yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Daniël de Boer
Advokaten yn de saak-Vidar wolle de kriminele boargerynfiltrant op 'e nij as tsjûge hearre. De minne sûnens fan A-4110, sa't de ynfiltrant neamd wurdt yn it dossier, soarget foar twivel by de advokaten. Neffens harren is hy dêrtroch net betrouber.
Twa advokaten fine dêrom dat hy net rjochtmjittich ynset is om de drugsbinde op te rôljen.
De saak-Vidar draait om ynternasjonale drugshannel tusken Fryslân en Skandinavië. Yn maart 2020 binne tsientallen fertochten oanholden, fan har binne úteinlik fjirtjin feroardiele. By de saak waard in ynfiltrant ynset, dy't ynformaasje krige fan de fertochten en dat dielde mei Justysje.
De sûnens fan A-4110 is op fersyk fan it Iepenbier Ministearje ûndersocht. Ut ûndersyk fan neuropsycholooch Rudolf Ponds docht bliken dat de man lêst hat fan waanbylden, demintearjend is en min hearre kin.

'Zorgwekkend'

"Al met al een zorgwekkend beeld", sei advokaat Richard van der Weide moandei op de earste dei fan it heger berop. Van der Weide stiet in 53-jierrige man út Ljouwert by, dy't feroardiele is ta 7 jier sel, de heechste straf yn de saak.
Van der Weide wol de saak oanhâlde en earst de kriminele boargerynfiltrant hearre as tsjûge. "En daar moet dan een neuropyscholoog bij zitten. Ik wil meer weten van zijn begripsvermogen, of hij alles wel goed begrijpt."
De advokaat seit dat dit tige wichtich is. "Want mijn cliënt is op basis van de inzet van A-4110 veroordeeld." De basis ûnder dy feroardieling soe mooglik fuort falle as de ynfiltrant syn mentale sûnens net yn oarder is.
Of, sa't in oare advokaat it hjoed ferwurde: "Het vonnis is onrechtmatig als blijkt dat de belangrijkste persoon in deze zaak leed aan waanbeelden die alleen maar erger werden."
Advokaat-generaal Inge Schepers sei út namme fan it Iepenbier Ministearje dat "er niets aan de hand is met A-4110 ten tijde van zijn inzet. Al zijn verklaringen zijn betrouwbaar. Dat zeg ik vol overtuiging en ondubbelzinnig."

'Net wer it hiele sirkus'

Neffens de advokaat-generaal "is alles wat A-4110 gedaan heeft, gecontroleerd, geregistreerd en aangestuurd", Se wol de saak dêrom ek net oanhâlde. "Dan moeten we het hele circus weer optuigen."
It gerjochtshôf hat nei beried besletten dat it net needsakelik is om A-4110 nochris te hearren mei in neuropsycholooch derby. Dat betsjut dat alle saken no behannele wurde.
Ik ben geen heilige, maar ik handel niet in harddrugs.
In fertochte dy't feroardiele waard ta 7 jier sel
Moandei komme fiif fan de fjirtjin fertochten foar yn it heger beropsaak. De 53-jierrige Ljouwerter ûntkent elke belutsenheid by de drugshannel en it wytwaskjen fan jild. "Het hele verhaal over mij is in elkaar geflanst. Ik ben geen heilige, maar ik handel niet in harddrugs."
In 50-jierrige fertochte út Ljouwert joech hjoed ta dat er hast 10 kilo harddrugs ferhannele hat. "Ik was zelf verslaafd en bovendien deed ik het voor het geld. Ik heb in het verleden niet altijd de juiste keuzes gemaakt, maar dat is nu anders."
De man waard earder troch de rjochtbank feroardiele ta trije jier sel.