Liveblog | 5 febrewaris

112 nijs 5 febrewaris: Fertochte pakt foar oerfal op snackbar | Ungelok op de Skieding

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 5 febrewaris, 17:13
17:13

Wurkstraf foar gebrûk pepperspray by ferkearsrûzje

In 21-jierrige ynwenner fan De Harkema is feroardiele ta in wurkstraf fan 70 oeren plus 70 oeren ûnder betingst. By in ferkearsynsidint yn Drachten, yn april ferline jier, spuite de man mei pepperspray nei in groep manlju mei wa't er spul krige.
Dat barde nei't ien fan dy manlju rinnend de dyk oerstekke soe, doe't de auto mei de Harkemaster deroan kaam. It like goed ôf te rinnen, mar even letter eskalearre de situaasje dochs. De fuotgonger gie mei ûnder oaren syn heit en broer efter de auto oan. Neffens de Harkemaster spuite hy de pepperspray út selsferdigening. Ek liet er in neppistoal sjen.
De offisier fan justysje neamde it gebrûk fan pepperspray "niet proportioneel". De rjochter oardielde dat der gjin sprake wie fan needwar. Neist de wurkstraf moat de man ek 250 euro smertejild betelje oan de trije manlju dy't pepperspray yn 'e eagen krigen.
16:29

Stellerij út bedriuwsauto's yn Harns

Yn Harns is der ynbrutsen by ferskate bedriuwsauto's yn de wyk Ludinga. De plysje meldt dat der twa manlju sjoen binne en freget wykbewenners om kamerabylden wêrop't dizze fertochten te sjen binne.
De stellerijen hiene plak op snein 4 febrewaris tusken 02.00 en 03.00 oere. Neffens de plysje giet it om de strjitten Schuitenzand, Vliestroom, Noorderbalgen, Kimstergat, Westmeep en Oostmeep yn de wyk Ludinga.
15:50

Fertochte oanhâlden foar oerfal op Ljouwerter snackbar

snackbar de Markies oerfallen
It personiel fan de snackbar waard bedrige mei in stekwapen © CAMJO Media
De plysje hat in jonge út Grins oanhâlden fanwege mooglike belutsenheid by de oerfal op in snackbar yn Ljouwert ferline wike. De minderjierrige fertochte is hjoed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy hat besletten de jonge fjirtjin dagen langer yn foararrest te hâlden.
Der wurdt ek noch socht nei in twadde fertochte fan de oerfal op de hoarekasaak oan de Jan van Scorelstraat op tiisdei 30 jannewaris. De snackbar is doe om 22.00 oere hinne oerfallen. It personiel waard bedrige mei in stekwapen en de twa fertochten ha by de oerfal ek guod meinaam.
Minsken dy't tips of kamerabylden út de omjouwing fan de snackbar ha, kinne kontakt opnimme mei de plysje.
14:21

Boete foar kroecheigener Burgum

De eigener fan in kafee yn Burgum hat in boete fan tûzen euro krigen omdat er in man mishannele hat dy't geregeld lege bierkratten stiel by de kroech. De fertochte koe de dief ferline jier te pakken krije, neidat dy wer kretten stellen hie.
Nei't it slachtoffer de kroechbaas yn it gesicht spuide, soe de kroechbaas it slachtoffer neffens in tsjûge slein en skopt ha. Hy soe ek op de man 'ploft' wêze.
Justysje fûn dat der sprake fan besykjen ta swiere mishanneling wie. De rjochter wol sa fier net gean, omdat dêr net genôch bewiis foar wie.
Foar ienfâldige mishanneling wol, seit de rjochtbank. En dêr krijt de kafee-eigener dus in boete foar.
11:25

Grut part Snits sûnder wetter

10:03

Bestjoerder by ûngelok op Skieding wie ûnder ynfloed

De bestjoerder fan de auto dy't justerjûn fan de dyk rekke op de Skieding, wie ûnder ynfloed fan alkohol en drugs. Dat seit de plysje. De 34-jierrige man út Surhústerfean is oanholden en wurdt ynkoarten heard.
De oare ferwûne wie in frou fan 30 jier en komt ek út Surhústerfean. Sy moast út de auto befrijd wurde. Der siet noch in tredde persoan yn de auto, mar dy is net ferwûne rekke.