Plysjesjef Kees Bangma nimt nei 47 jier ôfskied: "Nasjonale Plysje is in mislearring"

Kees Bangma
Plysjesjef Kees Bangma © Simone Scheffer, Omrop Fryslan
Nei 47 jier nimt plysjekommissaris Kees Bangma ôfskied fan de plysje. Hy sjocht werom op in fariearre karriêre binnen it korps, dêr't troch de jierren hinne hiel wat reorganisaasjes wiene.
Bangma waard bekend yn Fryslân nei oanlieding fan de dea fan Meindert Tjoelker. Hy wie de inisjator fan de stille tocht om stil te stean by de dea fan Tjoelker, dy't op de Nijstêd yn Ljouwert sa swier mishannele waard dat er ferstoar.
Kees Bangma Meindert Tjoelker
Kees Bangma yn 1998 by de ûntbleating fan in monumint foar Meindert Tjoelker © ANP
Bangma begûn as 17-jierrich jonkje by de plysje mei de rjochtfeardigens yn de mienskip as wichtichste driuwfear. De essinsje fan it wurk is foar him noch altyd boeven fange en minsken helpe. "En dat dat ordintlik gebeurt sadat net altyd it rjocht fan de sterkste jildt", sa seit er.

Reorganisaasjes

In karriêre fan 47 jier by de plysje bringt him op in hiel soad plakken yn it plysje-apparaat. Nei de begjinjierren binne dat ek al gau liedingjaande funksjes. Dat hat fansels te krijen mei it grutte tal reorganisaasjes by de plysje de ôfrûne jierren.
Foar de karriëre fan Bangma wiene se lang net ferkeard. De feroarings yn de jierren 90 fynt hy noch altyd in goeie set. De gemeenteplysje en de ryksplysje foarmen tegearre de regionale plysje. De reorganisaasje yn 2013 fynt hy lykwols in mislearring.
It is ien grut Meksikaansk leger wurden mei in soad burokrasy.
Ofskiednimmend plysjesjef Kees Bangma
De Nasjonale Plysje, dy't doe optûgd is, is te burokratysk en stiet te fier fan de gewoane minsken ôf fynt de skiedend kommissaris. De skaal is fierstente grut wurden. Yn in taspraak by syn ôfskied fan de plysje seit hy it as folget: "De beakens binne sadanich ferset dat it skip op in sânbank rûn is."

Balâns is fuort

Neffens de âld-kommissaris nimme systemen en protokollen de rol fan de professionals oer. It is tefolle in kwestje fan nasjonale plysje en der is te min omtinken foar de lokale plysje. By de regionale plysje wie der altyd in balâns, mar dy is no fuort.
Bangma leaut net yn it ferhaal dat der effisjinter wurke wurde kin. "It is ien grut Meksikaansk leger wurden mei in soad burokrasy, dêr't lokale bestjoerders fierstente min ynfloed hawwe op hoe't de plysje funksjonearret."

'Akseptearje dat der sa no en dan wat misgiet'

Der moat neffens him wer desintraliseare wurde by de plysje. Wer mear foech nei de regio soe in hiel goeie saak wêze. "We moatte ôf fan it idee dat it oeral eksakt gelyk wêze moat."
Syn advys oan de nije nasjonale korpssjef Janny Knol soe dan ek wêze om mei it haadkantoar te ferhúzjen nei bygelyks Amersfoort.
Janny Knol
Oankommend nasjonaal korpssjef Janny Knol © ANP
Bangma hat mear argewaasjes. Sa binne der neffens him mear minsken by de plysje dy't prate oer it fak as dat der plysjeminsken op strjitte binne dy't it fak útfiere. As foarbyld neamt hy de ôfdieling foarljochting.
"Dat wurdt allegear sintraal oanstjoerd omdat se benaud binne foar de byldfoarming. Benaud om flaters te meitsjen. Mar we moatte akseptearje dat der sa no en dan wat misgiet."

Les fan de saak-Tjoelker

Yn al die jierren by de plysje hat Bangma in hiel soad by de ein hân. En hoewol't hy ôfskied nimt as professional bliuwt hy wol frijwilliger by de plysje. Foar de leafde foar it fak, en fiif euro yn 'e oere.
Krûpelhintsje
It krûpelhintsje is it symboal tsjin sinleas geweld © ANP
By syn ôfskied hat hy noch wol in boadskip oan syn kollega's en de rest fan de mienskip. Dêrby grypt hy werom op de saak fan Meindert Tjoelker en de dêrút kommende striid tsjin sinleas geweld.
"As je in striid fiere wêrfan je witte dat je 'm net winne kinne, dan sit de oerwinning him yn it feit dat je de striid net opjouwe en striden bliuwe. Dat we sa alle dagen besykje ús maatskippij in bytsje feiliger te meitsjen."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Mei fan 12:00 oant 13:00 oere it nijsfoarum. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
It petear mei Kees Bangma is ek as podcast te finen op Spotify of Apple Podcasts.