Frachtskip ramt brêge Skûlenboarch: "Lagen te trillen in bed"

In frachtskip is justerjûn, krekt foar middernacht, op de draaibrêge Skûlenboarch oer it Prinses Margrietkanaal fearn. Troch de oanfarring waard de brêge iependrukt. Sawol de brêge as it skip rekken flink skansearre.
De klap wie enoarm, sizze omwenners, dy't fuort de helptsjinsten alarmearren. De plysje sleat de dyk ôf.
Buertbewenners giene mei bûslampen op de dyk stean om automobilisten te warskôgjen dat sy der net del koene. Neist ferskate brânwachtkorpsen wie der ek in brânwachtboat oanwêzich.
Rykswettersteat meldt dat de brêge iepenset is foar it skipfeartferkear. By deiljocht sille sy de skea opnimme.
Frachtskip fart tsjin brege Skûlenboarch
De brêge wurdt trochgeans tusken sneontejûn 22.00 oere en sneintemoarn 6.00 oere net betsjinne.

Net de earste kear

It is net de earste kear dat der in skip tsjin in brêge fart yn de drokke haadfarwei tusken De Lemmer en Delfzijl. Ofrûne augustus ramde in frachtskip de brêge by Strobos, yn desimber 2022 barde dat ek by dyselde brêge.

Omride

Meast is it de iennichste ferbining foar doarpsbewenners fan de iene nei de oare kant, wêrtroch't sy kilometers omride moatte.
Hoe't de oanfarring barre koe, is net dúdlik. De plysje hat de skipper in blaastest ôfnaam, mar dy bliek negatyf. Der rekke gjinien ferwûne by de oanfarring