Liveblog | 4 febrewaris

112-nijs 4 febrewaris: Rykswettersteat makket skea op by Skûlenboarch | Mobile flitspeal fernield

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 4 febrewaris, 15:11
15:11

"Tandwielkast en algehele constructie beschadigd"

In kraanskip hat yn opdracht fan Rykswettersteat de grutste brokstikken fan de brêge út it wetter helle. Der binne ek noch dûkers op syk nei losse stikken. De ferwachting is dat de folsleine farwei ein fan de middei wer iepensteld wurde kin.
Rykswettersteat hat ek in earste ynspeksje útfierd. "De tandwielkast en de algehele constructie zijn beide beschadigd geraakt," lit in wurdfierder witte. "Omdat de klap zo groot was, gaat een duikteam komende week nog de fundering van de brug inspecteren. Afhankelijk van de schade aan de fundering gaat reparatie van de schade enkele weken duren."
It is noch net dúdlik wat krekt de oarsaak fan de oanfarring west hat.
12:10

Ferkear omlaat fia Koatstertille

De brêge fan Skûlenboarch is ôfsletten foar ferkear
Ferkear kin net oer de brêge en wurdt omlaat fia Koatstertille © RTV NOF
Automobilisten, fytsers en fuotgongers kinne net oer de brêge fan Skûlenboarch. It ferkear wurdt omlaat fia Koatstertille.
De brêge wurdt trochgeans fan sneontejûn 22.00 oere oant sneintemoarn 6.00 oere net betsjinne. Dochs fear it frachtskip der mooglik mei folle feart tsjinoan.
In team ferkearsspesjalisten fan de plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De skipper is in blaastêst ôfnaam. Dy wie negatyf.
11:47

Rykswettersteat begeliedt skippen by brêge Skûlenboarch

In patrûljeskip fan Rykswettersteat begeliedt skipfeartferkear
In patrûljeskip fan Rykswettersteat begeliedt skipfeartferkear © RTV NOF
Rykswettersteat docht op it stuit ûndersyk by de brêge fan Skûlenboarch. Der wurdt sjoen hoe grut oft de skea krekt is en hoe't sy dy herstelle kinne.
De draaibrêge stiet noch altyd iepen. Skipfeartferkear kin gebrûk meitsje fan noardlike farrûte. De súdlike rûte is ôfsletten, om't dêr brokstikken lizze, ofwol fan de brêge ofwol fan it skip.
Dûkers en in kraanskip binne ûnderweis, seit Rykswettersteat. Der fart in patrûljeskip rûnom de brêge om it skipfeartferkear te begelieden.
11:06

Fleksflitser tusken Bûtenpost en Boerum fernield

De fleksflitser, in mobile flitspeal, op de N355 tusken Bûtenpost en Boerum is fernield
De fleksflitser op de N355 fertoant brânplakken © RTV NOF
De mobile flitspeal dy't sûnt freed by de N355 tusken Bûtenpost en Boerum stiet, is fernield. De ynstallaasje fertoant swarte brânplakken en om de peal hinne leit raand materiaal, skriuwt RTV NOF.
De saneamde fleksflitsers binne bedoeld om auto's op de provinsjale N-diken op guon plakken minder hurd ride te litten. It idee fan dizze nije peallen is dat se hieltyd wer op in oar plak komme te stean.
Hoe grut oft de finansjele skea oan de peal is, is net dúdlik. Der sit in kamera yn de flexflitser. Oft de dieders dêrop te sjen binne, is net bekend.
It is de bedoeling dat de peal twa moannen by de N355 stean bliuwt. Oft dy dêr no bliuwt, is de fraach.
09:06

Persoan ferwûne nei ûngelok by De Westereen

Iensidich ûngelok op de Oasterwei by De Westereen
Iensidich ûngelok op de Oasterwei by De Westereen © RTV NOF
By in iensidich ûngelok op de Oasterwei by De Westereen is justerjûn ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
It ûngelok barde om middernacht hinne, skriuwt RTV NOF. De bestjoerder rekke om ûnbekende redens yn de berm en kaam yn de sleat telâne.
In twadde ynsittende kaam der sûnder kleanskuorren fanôf. Dy persoan is wol meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.
07:50

"Wij lagen te trillen in bed"

Frachtskip fart tsjin brege Skûlenboarch
Omwenners fan de brêge fan Skûlenboarch hearden in flinke klap nei de oanfarring fan it frachtskip mei de brêge. "We lagen te trillen in bed."