Ofslútdyk toaniel fan protestaksje fan tsientallen boeren út Noard-Hollân

Plysje Ofslutdyk
De plysje is te plak by it protest © CAMJO Media
Tsientallen trekkers en auto's brûkten sneontejûn de Ofslútdyk foar in protestaksje. Dat sei de plysje Noard-Nederlân op X, it eardere Twitter.
It soe neffens de plysje gean om 'tientallen tractoren en personenauto's vanuit Noord-Holland richting Noord-Nederland'. Dêrby soe sprake wêze fan hinder foar it ferkear. Ferkear fan Noard-Hollân nei Fryslân ta soe kwealik mooglik wêze.
Healwei de Ofslútdyk, by Breesândyk, stiene de trekkers stil. Dêr waarden heabulten troch de boeren yn 'e brân stutsen.
Ofslutdyk boereprotesten
Heabulten yn 'e brân op de Ofslútdyk © Inter Visual Studio
De plysje skreau dat se yn petear gien binne mei de aksjefierders en dat se harren begelieden. It doel wie om de aksje sa feilich mooglik te beëinigjen.